Leffe kloatsek
It kin my de barrels skele, oft dy ‘leffe kloatsek’ – sa’tsto Soylent Green neamst, dy’t my it artikel Wat u moet weten om de oorlog te snappen trochdie – him of har in ûngelok laket. Ik haw leaver dat lju har in ûngelok laitsje as dat se har in ûngelok gûle.
It artikel sit goed yninoar, komt mei feiten en beljochtet sadwaande de saak fan twa kanten. Dêr mei ik wol oer. It is wat myn filosofy, sjuch – dat der altyd twa kanten oan in saak sitte. Dêr ha wy fuort al dyn probleem by de ein, wol my oan. Do besjuchst de saak swart-wyt en likest opslach op ien ein … watte? do falst mei de hiele wâl út … at net elkum it fuort mei dy iens is. Kinst wol wat miene, mar hast it heil ek net foar de fuotten …
Mar nochris, dat is dyn problem!
Begryp my net ferkeard … ik haw gjin muoite mei lju dy’t harsels serieus nimme. Mar it wurdt wat oars as lju allinnich harsels serieus nimme en op ien mei in ôfwikende miening delsjugge as in dokter op de dea. Nin niget dat guon mei in oare miening beskûl sykje efter in pseudonym.
Dêrom net, ik fûn dy skûlnamme wol aardich fûn (nee, ik hoegde him net te gûgeljen, lykas do sa’t liket), mar it waard my te gek en neam ien dy’t in skûlnamme brûkt, as boarne. Dan hie X him of har pas echt de bûsen útskuord.
Wêrom bisto der winliks sa wis fan dat it in fint is dy’t efter dat pseudonym sit? Leit it net folle mear yn ’e reden dat it om in frommiske giet?
Mar sit mar net yn noed. Ik sil my tenei fan fierren hâlde … fan DYN FB. Dyn behâldsmanmiening kin my nammentlik ek de barrels skele. Ik fûn it allinnich nijsgjirrich dat der fan en ta ien is dy’t dêr wat tsjinyn leit.
O ja, datst my in ‘ûnnoazele Fryske kolumnist’ neamst, is der fier by troch fansels. Ik bin sa stadichoan jierrigernôch dat ik al yn it snotsje haw dat wat âlder men wurdt, wat ûnnoazeler men jin fielt. Dus dat ‘ûnnoazele’ wol ik dy wol taha, haha. En ast mei dat ‘Fryske’ op myn komôf doelst, hast ek gelyk. Mar as dat ‘Fryske’ op myn stikjes slacht, dan is dat derby troch. Want dan is ‘Fryske kolumnist’ fierste folle ear. It is wier dat Sytze wolris in Frysk stikje fan myn hân op DYN side naait, mar der is – at ik dij net meirekkenje – gjin harsens dy’t se lêst. Nee, it gong mis mei myn oarstalige stikjes. Hja waarden tûzenen kearen lêzen. Vluchtelingenoplossing (3) út 2015 stie fuort boppe oan yn de toptsien … mei stip. De grize rûn my oer de grouwe – oe heden, skielk neame se my noch in ‘Hollânske kolumnist’. Dat moat mar net! Dêrom rjuchtsje ik my sûnt mear op ús memmetaal, sjuch. Dat, ‘leffe kolumnist’ kin al. ‘Leffe kloatsek’ kin om my ek noch troch de mesken. Mar ‘Fryske kolumnist’ … ik wit net.
Recente reacties