Leechachte neislachte ôfslachte

De stereotipe karikaturale foarm fan in bom yn in spotprint – alteast, sa´t ik-sei-de-gek my dat no foar de geast helje – is in swarte bal mei yn ´e noardnoardeast-´hoeke´ in toutsje, de lonte. Dat byld is yn myn tinzen omspûkjen bleaun sûnt de media ús ynskune dat it spul slim ferkâlden is en de wrâld hurde koarts hat. It lontsje hoecht inkeld noch ûntstutsen te wurden en… BOEM.

Neffens de berichten is it safier – de noardpoalsirkel baarnt as in wisp.
Withoefolle bosken steane dêr yn ´e brân, lês ik.
Ho, wachtsje efkes, in knikje tebek, asjobleaft! Bosken? Yn ´e poalsirkel? Hiene wy net mei syn allen in beammegrins ynsteld? Wat dogge dy houtene Klazen dan yn ´e poalsirkel om te strunen?
Neat beammegrins, lês ik tusken ´e rigels troch – das war einmal! Neat permafrost – boppe de poalsirkel sit der al desennialang wakker libben yn ´e seadden. It is dêr ien beamkeboel allegearre beamkeboel. En allenduvels bosken! Dy´t op it heden ek alle jierren fannijs flam slaan, sa wurdt my te witten dien.
Tsjong.
Mar dut jier giet it need. Sa need, is de hjitting, dat men wrâldwiid de wittenskipslju wol in aai yn ´e kont siede kin – global anal warming hjit dat yn witt. fermiddens.

Wat is der te rêden? Hoe binne wy hjir yn ´e goedichheid bedarre?

Ik fertel it mar efkes op myn manear, sa´t ik it mei myn lyts ferstân begrepen haw…
Sûnt miljarden jierren ûntlûke beamt en plankton koaldiokside oan ´e atmosfear. By minskewitten leit al dy opheine koaldiokside kreas opslein yn in fergearbak mei koal, oalje en gas ûnder de ierdkoarste.
Yntusken wurdt der hieltyd nije koaldiokside oanmakke, bygelyks troch natoerbrannen. En dat is mar goed ek, sa´t ik it begryp, oars soe alle waarmte fan ´e sinne iiskâld tebekkeatst wurde de romte yn, soene wy nea of te ninter nei it strân ta kinne en soe Nivea mei gauwens om ´e klink gean.
Om koart te kriemen, der wurdt in prachtich lykwicht yn stân holden – Mem Natoer yn al har glâns en blâns.
Ehhh… waard yn stân holden! Want sûnt in pear hûndert jier jouwe wy – troch systematysk de ûnder de ierdkoarste opsleine rommel op te baarnen – de koaldiokside dy´t yn miljarden jierren oan de atmosfear ûntlutsen is, yn in wûps mei de hertlike groetnissen oan him werom.

Wrâldlieders wakker yn ´t spier en set de boeisels op ´e kant, tink?

No nee, want… it´s the economy, stupid!
Oars sein, ikke ikke ikke en de rest kin stikke – America first! en sawathinne. Putin, Bolsonaro, “Jumping” Jinping en mear fan dat ûnrant hoege by in natuerramp allinne mar op it plak fan ûnheil op te draven, wat oerlibjenden oan te krûpen en te bepatsjen (en as sa´n wrâldlieder fiis is fan minsken, dan donderet er in stikmannich keukenrôlen tusken it rosmos) en te skodholjen fan Tsja, force majeure, no. Is ´t net sa!
En oars is it wol de skuld fan it foarige regear – klear! En no hurd wer nei de hurd te kloatdroegjen! Alhoewol, dêr hoecht men notydlings net mear foar nei de hurdsherne te reizgjen – oerdeis mei de broek los en de knibbels wat út inoar op it suden, en nachts op it noarden. Mar, toe ju, dêr giet it no net om!
Obama wie de iennichste dy´t ferantwurdlikens nimme woe en nim regelematen. Mar ja, wy witte allegear wat dêr fan op ´e hispel kommen is út reden fan de persoanlike haatgefoelens fan syn opfolger.

En dan it plestik… brek my de bek net iepen!
Ik skrilje altiten tewekker as it programma op it tillevyzje ûnderbrutsen wurdt foar reklame. Freegje my net wêrom! Yn alle gefallen krekt yntiids om te sjen, hoe´t dy heit fan lytse bern deryn komt mei twa grutte wite plestik boadskiptassen. De hiele famylje, it wiif anneks mem ynbegrepen, dwers troch alles hinne fan opteinens. Dy grutte plestik tassen komme op ´e tafel en wat hellet heit mei folle stoom en staasje út dy plestik pûden? No, no!? Lytse plestik pûden. En út dy lytse plestik pûden komme plestik boarden, plestik leppels, plestik foarken en plestik bakjes. En yn dy plestik bakjes sit… in kreket. En yn in oar plestik bakje sit… in frikkedil. En yn wer in oar plestik bakje sit in klobbe petat! En yn it folgjende plestik bakje sit wat plestik slaad. En yn in lyts plestik bakje sit slaadsaus. En… hawar, gean sa mar wat troch. Mar it moaiste is noch, der hoecht neitiid net ôfwaske te wurden. Is dat net prachtich? Grut feest! Men kin fuort foar it tillevyzje sitten gean te sjen hoe´t de walfisken kroandea oanspiele mei acht kilo plestik yn ´e bealch. Is dat net moai!? Men soe der suver lyrysk fan wurde.

Hawar, ik bin safierhinne, dat my tinkt: It sil myn tiid wol duorje! En oars mar net!
Ik libje as in okse foar de bile, ik libje by de dei. En hjoed hiene wy hjir yn it suden fan Portegal ynienen in dei tuskentroch, dat de temperatuer net boppe de tritich kaam. Dat wie trewes. Wol kâld fansels! Dat ik haw hurd efkes in ûnderbroekje oanstrûpt.
Nee, wa´t him noch drok makket om de takomst is ús omke Pyt yn Sweden, goed njoggentich jier âld.
“Dut komt net goed, Jaap! Harkje goed op wat ik dy wik!”
Ja, omke, it rint op ´e non mei de wrâld.
“[….] Ja, toe mar, haw de gek der mar mei!”

De lonte systeret…

Dit vind je misschien ook leuk...