Larry King Dea

King sei fan himsels, dat de mear fan syn witten net fol koe. Hy bleau oan syn lêste sike ta sykjen nei it antwurd op de fraach: What makes the other tick?

Sjuch, dat fynt ûnderskreaune dus ek nijsgjirrich. Dy fraach stelde ik my bygelyks ek by de ôfrûne presidintsferkiezings: Hokker minsken binne dat winliks dy’t op de ekstreem rjuchtse kandidaat stimme wolle, dy’t op ’en nij in befolkingsgroep foar de loop hat dy’t fan Hitler al hast ‘ausradiert worden ist’ — wat besielt sokke lju?
Ik waard oer ’t ginneraal net folle wizer út it praat sûnder gearhing, oant in helderopske út it skjinne wetter wei kraaide: “As Ventura sa ûngemaklik leit by de oare kandidaten, betsjut dat allinnich mar dat er gelyk hat!”

Is dat net in juwiel fan in riddenaasje dy’t igge noch seame roait?
Prachtich, net!
Mar sa giet it dus blykber: “As ús foaroanman seit dat de ierde plat is en de oare kandidaten witte net wat se dêrop sizze moatte [sûnder harsels bespotlik te meitsjen — js], dan is de ierde dus(!) plat.”

De sittende sosjaaldimmekratyske presidint hat de ferkiezings yn ’e earste omgong ôfrûne snein wûn, sa net; mar dêr giet it no net om.

Wêr’t it my om giet is dat men mei lullefikaasjes op ’e kant om it sels skoppe kin ta machtichste man fan ’e wrâld. Nee, wachtsje — dat is goed besjoen in symptoom fan it probleem dat ik by de ein haw …

Sjuch, ik wol net útslute(!) dat der withoefolle lju binne dy’t harren net fertsjintwurdige fiele fan ‘the powers that be’, en ek net dat soks mei rjucht en reden is — de morbide tsjirmers net meirekkene.
As it bygelyks om wite lju yn ’e FS giet, soene dy fansels alris delknibbelje kinne, de hantsjes gear dwaan en preuvelje: “Tank, Hear! No witte wy teminsten, hoe’t ús kleure evenminsken harren al iuwen fiele.” 😊
Mar nee, har ûnfrede uteret him net yn solidêrens mei lju dy’t altyd al it tredde laam wiene (en binne), mar yn it har jitte mear fan harren ôfsetten. Soene se it ris yn solidêrens sykje, sa soe harren mienskiplike probleem fan ynstitúsjonalisearre ûngelikensens grif yn in wûps oplost wurde. Dêrfoaroer rinne se no de kâns — benammen nei it barren fan 6 jannewaris lêstlyn — fan de politike boppeklasse weiset te wurden as ‘faksistyske rebûljeskoppers’. In klasse dy’t — en no komt it! — himsels beskôget as ‘hoeder fan ’e dimmekrasy’. Is it net om jin de bûsen út te skuorren!
Ommers, it op ’e foarhân útsluten fan befolkingsgroepen hat neat mei dimmekrasy fan dwaan. Dat hinget nei autokrasy oer. En it hat de ûnferdraachsumens fan faksisme yn. Dêrom net, de haadreden dat de FS harren ûnôfhinklik ferklearren fan GB, wie út reden dat Londen de slavernij ôfskaft hie. Sjuch, dat wiene de wite boer yn ’e FS syn guozzen fansels net. Dyselde slavernij smiet omtinken sleet op, no.

Mar ik bring mysels op ’e doele …
Ik woe mar efkes wize op de irony, dat in keppel autokraten al iuwen lang in systeem yn stân hâldt dat hiele befolkingsgroepen op ’e foarhân útslút, en dan dêrtaboppe it smoarge lef hat om datselde systeem ‘de âldste dimmekrasy fan ’e wrâld’ te neamen. Hahaha! ‘Irony’ is noch geunstich ferwurde, wol my oan 😉
Wy sille ús dêrom mar beethâlde oan Gorman har dichtrigels ´a nation that isn’t broken, but simply unfinished’.
En ‘ununited’ dus.

Sjuch, dat de Rippeblikeinen oaren útslute, dat heart by harren kredo – ikke, ikke, ikke, en de rest kin stikke! Mar dat de Dimmekraten no ek noch it grutste(!) part fan ’e wite befolking — koartsein, de Trumpstimmers — skouderje wolle, ferriedt neffens my dat in protte de stap nei dy folgjende evolúsjefaze noch net set hawwe en yn grûn en wêzen Rippeblikein bleaun binne.

Hawar, ik nim hjirboppe no wol de faaie trend oarekant De Grutte Sleat op it harspit — en yn it earste part fan myn ferhaal dy yn it suden fan Jeropa — mar ik hie likegoed it Nederlân as foarbyld fan hoe’t it net moat nimme kinnen. Mar ja, dat doch ik net, want dan slacht it ferstân fan de iensellige lêzer fuort op it slot…
Hin?
Ien harsensel, ja.

Ik wol it — om mar wat te neamen — lytse bern noch wol ferjaan, hear, dat se yn Sinteklaas leauwe; lytse bern litte har ommers alles yn ’t ear naaie. Mar, dat it grutste part fan de folwoeksen iensellige Hollanners jitte yn Swarte Pyt leaut, dêr kriget men wrâldwiid grif de lakers mei op ’e hân 😊

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Jaap Slager schreef:

    Dy efterlikens fan ús ferklearret nei alle tinken ek, wêrom’t it Nederlân doedestiids mei it earste skip oan wâl wie en tjild de Amerikaanske ûnôfhinklikens. Wy koene ús wol fine yn harren hâlding, tink, dat men in saakje as slavernij, dat jin sa aardich dript, net samar sjitte litte moat 🙂

  2. Sjappie schreef:

    … as it ferlang’ de oerhân hie, became’n we a sekje sell’ …