Langstme (saudade)
Fan ´e moarn doe´t ik op myn rykrak fyts in Spaanske “col” naam, kaam my ynienen in nûmer yn ´t sin fan Dr. Hook & the Medicine Show – freegje my net wêrom. Ik hie dat nûmer ris yn it Frysk oerset nei´t ús omke Pyt dêroer sein hie: “Ik wit hein nochte nei net wêr´t it oer giet, Jaap, ik wit inkeld dat it bare fertrietlik wêze moat.” Dat moat west hawwe doe´t ik goed fyftjin jier lyn mei it sylboat by harren yn Sweden wie.
Wa´t nammers ek wakker trienfeiend út ´e hoeke komme koe, as er it op ´e heupen hie, wie Tom Jones. “Green, green grass of home” bygelyks, oer de mimerij fan in feroardielde krekt foar´t er fan kant holpen wurdt. Mar ek “I wanna go home”, oer de langstme fan ien fan de withoefolle wurkleazen dy´t doedestiids nei Detroit teagen en fertsjinje in stik brea yn ´e automobylyndustry dêre. Dat nûmer giet likernôch sa:
Fannacht gong ik op bêd yn Detroit City
Ik dreamde fan ´e frede op ´e klaai
Ik dreamde fan ús mem, fan ús heit, myn bruorren en susters
Ik dreamde fan ´e faam dy´t al sa lang wachtet op mij
(refreintsje)
Ik wol wer nei hûs, ik wol wer nei hûs
Och hea, wat wol ik slimme graach nei hûs.
Hja miene, ik bin DE man yn Detroit City
Hja ha dat út ´e brieven dy´t ik skreau
Mar by dei bin ik yn ´t febryk en by nacht rin ik by de dyk
Hja soene grif raar opsjen by de wierheid hjir en no
Ik wol wer nei hûs, ik wol wer nei hûs
Och hea, wat wol ik stomme graach nei hûs. (twaris)
Wat ik dêr sa ferskuorrende gnap oan fyn, is hoe´t er yn in pear rigels in sitewaasje – of better, in emoasje – opropt dy´t eltsenien foar him krije kin. Alhoewol, de tekst hat Omme Tomme nei alle tinken net sels skreaun – dêr hat er grif in mantsje foar.
Wat men allegear yn jin omgean litte kin, netwier, op de iere moarn op in berchskeante yn Andelûzje! Ik bin hast boppe – no gjin belies jaan!
It wurdt wer in waarme dei, ropt de nachtegeal my ta. Juster hiene wy wat bewolking – dat wie trewes! Oars alle dagen boppe de tritich graden. Mar ja, dat is hjir no ienkear sa om distiid hinne! Tsjin ´e slachtmoanne bekomt dat wer wat. Ho ris, wie it juster teffens net de langste dei? De jûnen komme ús alwer temjitte, ju! Heden, wat fljucht de tiid! En hy fljucht hieltyd hurder!
Wylst ik sit te skriuwen, hat Maria de koteletten yn ´e ûne treaun, rûk ik. Myn Maria – sa´n helderopske, sa flink! Hja steuteret wakker om, by dei yn ´e hûs en by nacht om ´e hûs, wylst ik-sei-de-gek wat ompiel mei skriuw- of oersetwurk. Mar perfoarst gjin sloof by it stoof, hin! Tink der goed om! Lykas guon froulju dy´t de skelk net iens foarwei dogge at se op begraffenis moatte. Hja mei dan it leafst yn in âlde spikerbroek yn ´e tún om avensearje, sadree´t wy op ´en paad sille, is se moai wis yn brat en das, mei it hier yn ´e krol – ek al sille wy allinnich mar hurd efkes de buorren yn om boadskippen. Dat kin neat skele!
It iennichste neidiel fan dat ik it meast fleurige en figelante frommiske fan ´e wrâld troffen haw, is dat dyselde wrâld bytiden wakker koartsichtich en neargeastich tsjin har ôfstekt. Manlju dy´t yn deselde sitewaasje bedarre binne as ik, sille soks grif befêstigje kinne. 😉
Recente reacties