Langstme nei langstme
Man, wat waard ik wurch fan langstme
Dy rûn my nei wêr’t ik ek gie
Skjin myn nocht ôf fan dy langstme
Net ôf te skodzjen wat oft ik die
Mar hjoed-de-dei ha ’k o sa’n langstme
Nei de langstme dy’t ik hie
Near te’n ein fan it fernearen
Fan dat drôve libbenslot
Skjin ynein fan it betearen
Yn myn binnenst ta in knot
Ik knibbele del mei reade earen
Bea om genede fan ús God
Genede frege ’k Him, en rêst
Selsbehearsking oant myn dea
Myn libbensplan hold ik oan fêst
Mar dy driuw ferliet my nea
’k Frege ferlossing fan dy lêst:
Driuw my dy oanstriid út ’e lea
It ferstân komt mei de jierren
En de selsbehearsking mei
Ik bin âld en griis fan hierren
En bin grif myn ein tenei
Ik sit allinne op ’e blierren
Alle fjoer is út my wei
Iensumens foar wa’t net neitinkt
Net witte wol wat leafde is
As in somby stadich weisinkt
Want dy’t net doar, rint alles mis
No haw ik langstme nei dy foarsje
Fan myn jeugd dy’t net mear is
Ik haw langstme nei myn langstme
Nei de tiid dy’t foarby is
Recente reacties