Langst nei diktatuer
Soene lju dy’t destiids as grutfanke of groujonge by harsels seine ‘Wat sil ik bliid wêze as ik skielk fan dy rotskoalle ôf bin!’, wol ris oan dy wurden tebektinke hoenear’t se yn it fabryk oan ’e bân stean?
Soene hja ûnder har geastdeadzjende arbeid bytiden net stean te mimerjen oer de tiid dat der in protte net mocht, mar dat der bûten alle regels en plichten in soad wille en frijheid wie? Soene hja net weak fan binnen wurde by de tins dat doedestiids út skoalle wei it iten al op ’e tafel stie? En dat heit en mem noed stiene foar alles dêr’t se no sels foar soargje moatte?
Binne der net foarbylden by ’t seksje fan lju dy’t suchtsje ûnder in juk, mar neitiid, at se driigje te fersûpen yn de hurde werklikheid, dy’t frijdom ek eigen is, by harsels preuvelje: ‘Mar men wist doe teminsten wol wêr’t men oan ta wie en wat men te dragen hie.’ It hat der alles fan dat men mear hâld fynt wat beheinder jins bewegingsfrijens is. Tink ek oan langduerich finzenen dy’t tsjin harren frijlitten oan gnuve as de duvel tsjin ’e dei? ‘Ynstitúsjonalisearrens’ neamde Freeman dat yn de film ‘Shawshank Redemption’.
Seach ik net ek wakker nij op by it ferhaal fan dy man út it eardere East-Dutslân? Him kaam ik mei yn ’e kunde doe’t er maleur mei syn sylboat hie en ik him in sleepke joech nei de haven op it Norderney.
Doe’t wy – om samar te sizzen – wâlhout fûn hiene, fertelde er dat syn folk yn ’t earstoan dwers troch alles hinne wie fan blidens doe’t de Muorre foel. ‘Mar dat entûsiasme bekuolle hurd. Jawis, der mocht hast neat yn ’e DDR en de Stasi seach jin by alles op ’e hannen, mar dêr stie foaroer dat de steat foar in protte saken soarge, sa as ûnderwiis, feiligens en sûnenssoarch om mar wat te neamen. Dat ferdwûn allegearre. En wat derfoar yn it plak kaam, wie meast gaos… mei wachtlisten, wetteleazens en rjuchten foar de sterksten. Der waard foartiid dierber flokt en ketterminte op de diktatuer, dat is sa. Wat dat oanbelanget wie der in protte ienigens ûnder it folk, mar…’
Wêr hie ik dat earder heard, oer dy solidêrens mei-inoar foar in mienskiplike fijân oer? Waard der wat dat oangiet yn de Lege Lannen bytiden ek net mei in swymke fan nostalgy weromsjoen op de Dútske besettingstiid?
En hear ik fegelykbere lûden net ek fan de âlderein yn Portugal? ‘Soks barde net yn ’e tiid fan Salazar!’ En dan wurdt der mei ‘soks’ doeld op eat wat der mis is. Dyselde nostalgy docht him ek wer op yn Spanje.
Wachtsje! Reitsje wy dêr net mei oan ’e fûneminten fan wat der op it heden mis is en wankt yn ’e westerske wrâld?
Want in ‘domme massa’ mei langst nei in sterke man dy’t oarder op saken stelt, is fansels gefundenes Fressen foar de dimmegooch. Dat hat altyd sa west en dat sil wol nea feroarje.
Recente reacties