Langst nei diktatuer (2)

  • IMG_1164

‘Dat hat altyd sa west en dat sil wol nea feroarje’ einige ik myn foarich stikje mei.
Mar it bliuwt fansels in yllúzje dat in sterke man of frou wol even rjuchtdei hâlde sil mei wat der mis is yn in lân. Wa’t dat leaut, leaut ek yn Sinteklaas út Spanje of de krystman út Finlân.
De aldersterkste man yn ’e resinte wrâldhistoarje bygelyks hat net út it strie sette kinnen dat alle misstannen yn Súd-Afrika ûnder syn bewâld oplost waarden.

It is neffens my ek wat nayf en besjuch dimmekrasy as in folslein systeem sûnder lek of brek. It is wol in systeem, sa net, mar in systeem fan ideeën, dêr’t wy mei ús allen ynhâld oan jaan moatte. Oars sein, it is in foech eksperimint yn fol bedriuw dat sachs nea folmakke wêze sil.

It kearnbegryp hjir is: mei ús allen. Want dat is nei myn dom ferstân de kaai ta súkses.
Ik wol mar sizze: at de mearderheid, dy’t fan lju mei komkak dikmels oantsjut wurdt mei ‘domme massa’, nei ien stap foarút fuort dêrnei – út frustraasje of sawathinne – alle kearen wer twa stappen tebek set, sa avesearret it eksperimint as in mûs yn ’e moalsek.
McGregor ponearre al yn syn ferneamde teory dat minsken har gedrach gewoantewei oanpasse by hoe’t se behannele wurde. Oars sein, as it gewoane folk as ‘dom stimfee’ weiset wurdt, sa stiet men op in dûbele kâns dat it dêrneffens hannelet.

Net allinnich moatte de net-aktiven ophâlde mei it weisetten fan de produktiven as ‘domme massa’, it gewoane folk moat neffens my ophâlde mei te dwaan oft de slijens nei jild inkeld en allinne tekenjend is foar de elite.
Minsken binne no ienkear minsken – it is harren meast om hawwen of krijen te dwaan.

Ik wit wol, de rioelsjoernalisten binne der as de roeken by en stel in hege miter by in misstap te pronk, oft jild harsels de barrels skele kin. Wêrom? Ut ûnbaatsuchtigens?
Om de wearlich net! Ûneare ferkeapet! Skandaal is stryk-yn-’t-laadsje!

Hoe giet soks yn ’e praktyk?
‘Witsto noch dat ik dy holpen haw doe’tst yn ’e fysten sietst?’
‘Jawis, ik sil dy dêr ivich tankber foar bliuwe!’
‘Dat is moai, dy tankberens, mar… soest mij no even helpe kinne mei…? Us âldste soan wol net rjucht doge, sjuch. Mar wy roaie, as er in goede offysje hawwe soe, dan… En no hasto op dyn ministearje krekt in fakatuere dy’t…’
Watsei? Dat is nepotisme? Dat giet by de bakker of de slager ek sa? Dat is gjin goed foarbyld fan korrupsje?
Dêr’t macht is, is misbrûk neffens my. Mar, toe mar, kom mar mei in better foarbyld dan.

Wat ik mar sizze woe, is dat it nea ofte ninter wat wurde sil mei dimmekrasy salang’t wy foarbysjen bliuwe oan wat ús bynt en de klam lizze wolle op sabeare ferskelen. Salang’t wy de balke yn eigen each net sjugge (allinnich de splinter yn in oar sines) binne wy gefundenes Fressen foar Marine Le Putin en mear fan dat rosmos.

Dit vind je misschien ook leuk...