Nocht oan ûnnocht

Men sjucht oan alles dat it in man fan kwizekwânsje is at er deryn komt…
Hokfoar affearen soe dy te sykjen ha yn in sljuchte útspanning as dy fan Jelle?

De man hat him noflik tusken ús oan ‘e taapkast set, oft it syn wenstige plak is.
– Jou my mar in dea fiskje, jout er Jelle de kaart werom.
Ik prúst yn myn bierke, want ik soe krekt in flinke kûle lûke; ik bedoel, it eigenskipswurd dea komt my wat oerstallich foar.
– Ja, dêr laitsje jo no om, seit er, mar ik haw it ál oars meimakke…
Hy giet foaroer en sloarpet; Jelle is in taper fan it âlde laach, dy’t wit hoe’t it heart.
– Dat wie yn Bar Harbor, Maine…
Ik haw gjin belul wêr’t dut op ta sil; dat it liket my de baas en hâld my mar stil.
– It wiif en ik hiene krekt wurden hân. Dat doe’t wy ite soene, krige ik oanstriid en spring ris bûten de stokken; ik bestelde lobster….
Hy sjucht my fansiden oan oft er sizze wol: Dát hiest net tocht, heite!
Ik roai dat er syn frou doedestiids lyksa oansjoen hat.
– It wiif woe fansels wer pizza ha, mar ik woe noris wat oars, sjuch. Ik wie kjelreauwich, woe sjen litte dat ik net by har oan ‘e liedbân rûn…
– Olé!!
Dat is Anne; dy hat mei fakânsje yn Súdspanje west. Hy sit oarekant de pommerant en wol proaste, mei in lege romer…
– Jou de mannen der ien fan my, seit de man, wakker op ‘t skik sa’t skynt dat er oanklang fûn hat.
– Dat wie oars al sa! Dat ik oan ‘e liedbân rûn, bedoel ik.
Dêr proaste wy op. Wy meie him al wol lije, dy man.
Wat ik persoanlik wol lije mei, is dat er konsekwint wiif seit, yn stee fan frou; it Frysk is op ‘t lêst besibbe oan it Ingelsk, dêr’t wife in deagewoan wurd is. Is ‘t net sa?
Mar wy sille harkje…
– “Mefrou dus pizza en foar menear de lobster”, sei dy ober; oft ik mar even meikomme woe en tikje it skaaldierke fataal op it skouderke…!
Wy sjugge de man ûnnoazel oan; wat bedoelt er?
– Se ha dêr sa’n akwarium, sjuch, en dêr kin men kar út dwaan. Ik moast de ober oanwize hokke ik ha woe. Is ’t net in griis…!?
Stadich begjint it ús te skimerjen; ús nije freon is der sa’nien dy’t net witte wol dat… wat der op syn board leit, net sa lang lyn noch yn ‘e greide ompangele of – yn dut gefal – yn ‘e see.
– Hie ik it goed ferstien? Unwis seach ik it wiif oan foar stipe; se glimke blier werom: Ja, do hast it goed ferstien, heite! Oer wie myn triomf, foarbij myn stoerens; as de wjerljocht besocht ik en wyn my derút: Och, in pizza laket my oars ek wol ta! Mar de ober hie my de menukaart al út de hân lutsen en beret ûnder de earm klamme; der wie gjin tebek!

Hy nimt syn slokje út en fynt dat wy der noch ien ha moatte. En… wy kinne it op ‘e nij iens wurde.
– Soks bart hjir dochs ek net!? Of al…?
Wy binne derôf! Wat bedoele jo; wat bart hjir net?
– Ik bedoel, dat men reerêch bestelst en dat de ober jin in pistoal yn ‘t knûstke awwesearret en nei bûten wiist…?
– Ja sa, skatteret Anne.
– Soest in blinders ein rinne moatte ast Dútse byf ha wolst, komt Alde Keimpe, dy’t njonken my sit, droech fanwegen.
Anne skuort him benei beide bûsen út no…
Hy jaget ús in skrik ôf as er hommels fan syn kruk komt, fel op ‘e taapkast slacht en bilet: “Aufmachen! Schnell! Maul halten und mitkommen! Und zwar ein Bisschen plötzlich! Sonst knallt ‘s!”.
Wy gnize; wêr héllet er it wei sa gau?
Wy jouwe de man ta, dat it te uzes langer wizânsje is en lit it oan in oar oer en bring ús fleis om hals.
Wér wol er ús ien taha. Mar Keimpe is him no foar. Jelle tapet de romerkes fol.
– Mar… ha jo dat gefal… hoe hyt it?
Lobster!
– Wêr yt men dat mei, knypeaget Keimpe, mei leppels of mei foarken? Ha jo dat gefal no behimmele, of net?
– Dat sil ‘k jo fertelle…

– It wiif hie oer myn skouder hinne sjoen hoe’t de kok ien by de boksen krige hie en yn ien beweging út it akwarium wei yn ‘e panne mei siedend wetter soald hie. En se fielde har net te goed en doch my dêr direkt ferslach fan. Dat dy lju ha my wer by sûp en stút brocht mei lytse pjutskes bier; dy Bar Harbor Ale hat my der trochskuord dy jûn. Nee, ik bin net in held mei sokke dingen!
Hy nimt syn slokje út en sil gear oer it iten dat Jelle foar him delset hat. Mar hy kin it net daaie en skoot it board wer fan him ôf.
– Hypokryt, sizze jo? Abslút! As ik fan boerekomôf west hie, hie ik mooglik wat oars foar dy dingen oer stien… It wiif hat lykwols o sa lekker iten dy jûn. Tropsêd wie se! Ornaris koe se dy grouwe pizza’s dy’t se jin dêr foarsette, lang net út it swiet…
Mei begrutsjen, sa liket it, stoareaget er nei syn deade fiskje.
– Sa wie se… nocht oan ûnnocht!
Hoeden ynformear ik oft syn frou stoarn is.
– Och heden, nee; hja is in skoft lyn útnaaid, mei in kollega…
Hy wifket.
– …in fróulike kollega noch wol!
Likegoed betsjûgje ik him myn dielnimming.
Hy laket skealik.
– Ik woe dat hja dat folle earder dien hie! It wie oft ik troud wie mei in kuolkast – in glûpende deeglikenien dêropta…
– In AEG, seit Anne.
Anne hat yn wytguod keapmanne, sjuch, en wol soks út en troch even skine litte.
– Mei ien grut ferskeel dan…
Wy gapje Keimpe oan. Dy set in petret fan: Foar jim moat altyd alles mei spjeld en nudle bestutsen wurde, net!?
Mei in wurch gebeart nimt er syn slokje út.
– … een AEG laat u niet in de steek!

Dit vind je misschien ook leuk...