Laam of liuw
It is mei sizzen net te dwaan
Us heit hie lju dy’t har wapendieden tefoaren oankundigen, op in pypfol. Sizzen is neat, plichte er te sizzen, dwaan is in ding.
Dat komt my gauris yn ’t sin as ik nei Naked & Afraid op Discovery Channel sit te sjen, dêr’t manlju en froulju waarm oanklaaid yn withoefolle tatoeaazjes fjirtjin dagen of mear sjen litte wolle dat se yn ’e wyldernis oerlibje kinne mei neat as in baas knyft. Dy’t it hurdste roppe dat soks foar har it oergearkommen mar is, lizze nei ien slach al te gûlen om har mem. Net om’t se oanfallen binne fan in liuw, mar fan miggeguod of sawathinne.
Ho, ik wol neat yn it neidiel sizze fan lju dy’t tiid ferdogge mei dingen dy’t gjin trewes binne — as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin — mar iksels hâld my, as it heal kin, leafst dwaande mei dingen dy’t ik graach lije mei. It libben is al sa koart, no? Dat foar dizze jonge gjin Naked & Afraid! Dat men sa’t it liket earst ek noch partij tatoeaazjes sette litte moat foar’t men meidwaan mei, griist my alsa oan.
En as sa’n ambulante anaboale steroïde mei earms as daampeallen (en earbeltsjes fansels) foartiid gâns yn ’e akte hat, tink ik by mysels ‘Och, jonkje, it sil dy noch op dyn lân waaie.’
Mar men kin jin ek raar fersjen op in persoan.
Sa kaam ús dochter sa’n fyftjin jier lyn slûksturtsjend oansetten: baan kwyt, feint kwyt, hûs kwyt. Hja song in gâns oare wize as dêr’t se tsien jier earder, hân yn hân mei har ‘grande amor’, mei ôfsetten wie. Oft se foarearst wer by ús wenje mocht en kom wat yn it ferset?
Jawis, leave, wat oars?
Mar se kaam net yn it ferset. Och, wat wie dat fanke ferbûke en ferslein. Ik koe it noch sa behindich opsizze en alle apen en bearen wol fan ’e flakte prate, mar hja bleau yndrôf — as rûn se efter har eigen begraffenis oan. Dat, nee, as heit wie ik ek al gjin skop foar de kloaten wurdich. Ik siet sels suver mei de kop yn ’e fearren. Ik tocht op it lêst: Ik wit net.
En doe kaam der in Ingelsman foarby, op ’e motorfyts en wakker waarm yn ’e tatoeaazjes. Dat ik tocht: Ik wit net. Mar it wie samar klear. Us dochter by him efterop en… fuort wiene se.
Sûnt spruts hja alle wiken mei ús fia de applikaasje FaceTime. Mar as ik frege oft se lokkich wie, bleau se jimmer wat efterhâldend. Dat ik tocht: Ik wit net.
Doe waard se siik — slim siik. No is alles ferrêden, ornearre ik. Mar — jim kinne it leauwe of net — hja draaide om as in blêd oan ’e beam — sa fiks, sa’n piid en sa libben op ’e tried!
It wie in bare ûngelikense striid, mar… godskes, wat haw ik de ôfrûne jierren in respekt foar har krige.
It is hjoed seis moanne lyn dat ús Lúcia ferstoar.
It kin jo bytiden yn it libben frjemd troch de boksen sige…