Kut is kut
Jimme hawwe swietsjeswei wol foar de fernullen, tink, dat ik in man bin fan beheinde geastlike fermogens.
It is dêrom dat ik allegeduerigen besykje de werklikheid slim te ferienfâldigjen; mei’t ik der noch kop en sturt oan fine kin, sjuch, oan dy werklikheid. Wat dat oanbelanget bin ik it mearpart fan it minskdom nei myn fieling net wanlyk.
En as soks my inkeldris slagget — dat ferienfâldigjen — moat ik it fuort delskriuwe, mei’t ik it relativearje kin, en der wer wat ferdjipping yn oanbringe. En as ik lâns dat ompaad de werklikheid wer in bytsje benei kom, fiel ik my in hiele pyt. Want, nei myn bestek haw ik dat part fan de werklikheid dan aardich foar it snotsje. Men sjit der neat mei op, sa net; it is mear foar jins eigen wolfielen — in foarm fan selsbefrediging.
Sjuch, en dêre is wol in grut ferskeel mei it rûchste part fan it minskdom. Want dat werompaad nei de werklikheid… dat leauwe de measte lju wol: “Kut is kut, hear – moai sa litte!”
Ferlykje it mei it tekenjen fan in minske – ek in foarm fan ynterpretearjen fan ’e werklikheid, is ’t net sa. Men set útein mei in pear helplinen en wurket dy dan fierder út…
„Bist raar,“ roppe smiten folk, „moai sa litte! Eltsenien wit ommers wat der bedoeld wurdt, hoenear´t se in lyts rûntsje sjugge mei in wat grutter rûntsje dêrûnder mei fjouwer streekjes. Winliks binne dy fjouwer streekjes noch oerstallich; want in snieman hat ommers ek gjin earms en skonken, en dochs wit eltsenien dat it in man útmeitsje moat.”
En dy kant giet it neffens myn ynsjuch hieltyd mear út — eltse foarm fan stúdzje, analyze of ferdjipping wurdt as ballêst sketten. Want soks is mar “elitêr gedoente, fan lju fan witnis en lofts naasje — allegearre kutkammers en kommunistysk rosmos, mei harren ûndersykskommisje foar dut en harren wurkgroep foar dat, hahaha. Kut is kut, en dêrmei wei!”
Guon diktators yn ’e tiid fan ‘e Twadde Wrâldkriich wiene wakker trochkrûpt yn it ferienfâldigjen fan ‘e werklikheid en it dêrby sitte litten. Der binne grif eigentiidskere foarbylden op te skoppen, mar dy kin ik my sa gau net tebinnenbringe 😊
En werhelje fansels. De werklikheid slim ferienfâldigje, en dat dan werhelje, werhelje en werhelje — leafst sûnder ein. Want werheljen skept leauwe, bygelyks leauwe yn in alternative werklikheid. En leauwe wurdt religy. Freegje mar oan dûmny.
Nim bygelyks: jins politike tsjinstanner kommunist neame, of sosjalist. It hoecht net wier te wêzen, en men hoecht it ek net út te lizzen, as men it mar fakernôch werhellet, sjuch. En klear!
Moai, net!
It kostet wol in pear sinten, want men moat in buro ynhiere en tink soks op, in kommunikaasjeburo, mar… dêr kriget men dan ek wat foar werom, no. Want sa’n buro wit bygelyks feilleas út te finen, dat de potinsjele stimmer op jins partij allergysk is foar sosjalisten — ik neam mar in dwersstrjitte. Sjuch, en sa’n fynst kin aardich drippe. In win:win-sitewaasje neame se soks, as it my net mist — winst foar it buro én winst foar jins partij.
Dy kommunikaasjelju fertelle der fansels net by dat dy allergy der tagelyk boarch foar stiet, dat it sosjalisme nea en te ninter te moster en te leage gean sil…
Watsjo? Sjuch, dat is no wer nuver; dat ik-sei-de-gek nea ris wat bommelje mei, en alles wat ik sis fuort mei houtskoal en kryt útlizze moat. No, fuort dan mar wer…
It is in stielen wet dat, as men gjin betrouwen hat yn jinsels, men ek gjin betrouwen hat yn in jins evenminske. En sûnder dat betrouwen is in rjuchtfeardiger maatskippij bûten ’t gebed. En sûnder rjuchtfeardigens sil der oant yn lingte fan…
O, binne wy der al? Moai!
Komt my wat yn ’t sin…
It ferhaal seit, dat de fiifenfjirtichste presidint fan ’e FS ris yn in grot kaam mei muorreskilderings dy’t trijehûnderttûzen jier âld wiene. “Krimmenikes en gjin ein,” balte er, doe’t er in lyts rûntsje seach mei dêrûnder in wat grutter rûntsje mei fjouwer streekjes, “dat hie ’k net tocht! Wat wiene dy hoalebewenners likegoed har tiid fier foarút, ju!”
’n — ’t Ménske sin is ’n ménske libben.
CUT IC CUT, GUT IS GUT-FEELING god.
Gât-fielen fon cloate-marokkaantsjes.
Nèt mear thinke, mar fiele, by partey.
Nei miin fieling,” foàr miin woll-fielen.”
Kut-kammers havve de o-put d’r uut.
Whatsjo? What saine Yo?