Kulturele kastraasje

Ik rekke lêstendeis op ’e tok mei ús buorman, in Frânske wittenskipper, dy’t foar syn projekten witte faak yn Sina omslein hat. Nei in pear praatslokjes ferhelle er, suver mei triennen yn ’e eagen, oer de rike kultuer en eigen taal fan it Uyghur folts dy’t folslein tewâde wurde fan ’e Sineeske taal en kultuer…

Tewâdzje wie winliken net it krekte wurd, berette er him, want it gong op sa’n glûpend fynbeslipe manear yn syn wurken dat it grutste part fan ’e Uyghur it har kwealk ealgen. En de yntelligintsia en pommeranten lieten harren duldsum in rêd foar de eagen draaie – mei wat stipe hjir en wat subsydzje dêr lieten se har krankyl foar in karre sûnder tsjillen slaan…
Hoechst net safier fan hûs te gean, foel ik him yn it wurd, sjuch mar ris hoe’t yn Spanje de Katalaanske taal en kultuer fan kant holpen wurde.
Ferrek, grânzge Jean-Yves doe’t er dat in amerij yn him omgean litten hie, hast gelyk!
Dêrnei hold er my syn lege glês foar. Ik tape dat blijmoedich fol – it bart my net alle dagen dat ik gelyk krij.
Of yn Frankryk, die ik der drystwei in skepke boppe-op, mei de Bretonske taal en…
Oe blinder, dêr kaam ik him yn syn eare, leau ik.
Of yn Nederlân, smiet ik hurd it roer om.
Nee, wol, seach er benijd op, Nederlân is ommers swiid ferneamd as byld fan ferdraachsumens!?
Och, leave man, brek my de bek net iepen!

It rûkt my ek frijwat nei rassediskriminaasje at ik hiel earlik bin, ornearre er nei’t ik him in – foar myn gefoel dúdlik – foarbyld skildere hie fan kultuertwingerij yn Nederlân. Mar, de lju yn Fryslân wolle dy Swarte Pyt dus noch net slite, begryp ik?
Hast der gjin soademiter fan begrepen, foel ik mei de hiele wâl út. Dy hiele Pyt is ús it deadwaan net wurdich, man! Dy figuer heart net iens ta ús kultuer – dy is goed hûndert jier tebek oerwaaid út Hollân.
Mar seidest niis dochs…?
Buorman is alhiel fan it sjapiter.

It is my op slach dúdlik wat der net doocht oan myn foarbyld – dat hiele gesoademiter by Dokkum om hat inkeld berierd dat tout Paris no risselwearre hat dat wy fjoer en flam foar it behâld fan Swarte Pyt wêze soene.
Wachtsje efkes, kaam ik oerein, efkes nei Dokkum!

Doe’t ik op it húske stie te mieljen prakkesearre ik wilens: Hoe si’k dy koal fan Dokkum dat yn ‘e goedichheid yn it ferstân bringe?

Mei’t ik werom yn ‘e hûs kaam, hold Jean-Yves my op ‘en nij syn lege glês foar.
No, fuort dan mar! Mar moatst de kop der al efkes by skuorre no!
Jean-Yves seach my deftich oan.
Sa’t de Sinezen op in fyn ynleine manear de Uyghur har taal en kultuer ûntfytmanje, sa litte de Hollanners de Fryske kultuer op slûchslimme wize fersuterje. In foarbyld: Frysk ferplichte op skoalle? Klear! Dat moat dan mar wêze!
Mar, sa dreech at de striid wie en doch dy boppeslach, sa maklik is it en krij ûntheffing. Begrypste? Sa is dy ferplichting dy’t yn it earstoan sjoen waard as in stik bûter yn ’e brij fan de Fryske saak, fertoarke ta in Pyrrhusoerwinning – ast fielst wat ik bedoel.
Jean-Yves knikte mei stúdzje fan ja.
Oars sein, de Fryske kultuur is dy Hollanners allike folle – it sil har oan ’e reet rustkje!
C’est le cadet de ses soucis!
Hast gelyk; dat heart wat foechsumer – wat Frânsk is, is moai!

En no efkes in fraach: Hoe sil it publyk reagearje, tinkt dij, as de FIFA skielk, krekt foar it begjin fan de finale tusken Frankryk en Kroaasje, yn it stadion omroppe lit: ‘De wedstriid giet net troch, want wy wolle earst ris mei-inoar redendiele oer it feroarjen fan ‘e spulregels’?
C’est le bordel!
Krekt! Dus, hoe tinkt dij dat âldelju reagearje sille as in espeltsje rebûljemakkers om utens wei in bernefeest fersteure wol – in feest dat safier as minsken ûnthâld fiemje kin jier út jier yn syn beslach krige hat?
C’est le bordel!
Just, Jehannes, en dêre giet it om – net om dy Swarte Pyt. Want, as moarn yn ’e krante stean soe ‘Zwarte Piet bij Dokkum vermoord‘, silst mei in lantearne in Fries sykje moatte dy’t him de triennen yn ’e kont gûlt. Mar, wy binne dwers troch alles hinne as dy eptige Hollanners, dy’t noch net iens witte hoe’t de sturt oan ’e baarch sit, op it alderbalderlêste stuit ús jierlikse pretsje ferbalje wolle, om’t har hommels yn ‘e plasse slein is dat it oars moat. Lju dy’t har nea ofte ninter bekroade hawwe om ús kultuur – krektoarsom, ús kultuer leafst foar waar en wyn lizze litte soene – dy lju sille ús ta skea fan ús bern op it baitsje spuie komme hoe’t wy ús te hâlden en te dragen hawwe!? Neat derfan! En no opmiterje!
Jean-Yves seach my ferstuivere oan.
Dat, buorman, is twingerij. Dêr kinne wy yn Fryslân net bot oer. Hast it no begrepen? Dat, ferjit dy hiele Pyt no mar! Dêr gong it net om. Dat wie inkeld… eh…
…la goutte d’eau qui faisait déborder le vase, breide buorman myn sin ôf.
Just, Jehannes, dêr rekkest de woartel yn it lid!
Jean-Yves sloech kjel de knibbels tsjininoar.
Wês mar net benaud, heite – wy hawwe it hjir oer kulturele kastraasje!

Dit vind je misschien ook leuk...