Kultuerdragers? Ja, skyt!

Rju achte allegearre,

Pier hat grut gelyk neffens my – it is allegear loaibeuzigens op abstrakte hichte en hat (noch) neat te krijen mei de praktyk. In learplan oan ´e iene kant en de praktyk oan ´e oare sitte jitte witte folle fazen tusken, skriuwt Pier, as ik it teminsten goed foar de fernullen krige haw wat er bedoelt. Wy moatte de loarte by de skjinne ein oanpakke, seit er – wat moatte skoalbern no krekt leare? Wy moatte ris yn ´e hoksen sitten gean en it deistich fermidden fan ´e bern oereidzje, en dat yn betinken nimme…

Hear my no, hahaha, mei myn “wy”. Ik hear der hielendal net by ommers! Dêr moatte de ûnderwizers mar mei rêde, hear – mei wat bern leare moatte. Nee, wêr´t it mij om giet is dut…

Wat wolle bern?
Bern wolle Frysk prate. It is de taal fan thús, it is de taal fan pake en beppe en it is de taal fan ´e strjitte – fan kammeraten en kammeraatskes. Om koart te kriemen, it is de taal fan it hert. De fraach dy´t ik hjir opsmite wol is: Foar hoefier wurde bern yn har stribjen stibelearre?

Lit ús begjinne mei de sitewaasje thús…
Heit sit te krantsjen en mem is drok yn ´t spier, mar hat wilens it tillefyzje oan (tink derom: ûnsidich haadwurd, om´t hjir it taheaksel -tastel inkeld yn ´e uterlike ferskiningsfoarm weifallen is – alteast, by mij 😊). Fan en dan ropt heit oan mem: Moatst no dochs ris harkje! En dan lêst er in krantekop foar yn… it Hollânsk! Dat, it sil sabeare kultuerdrager de Leeuwarder “Wij doen niets met het Fries, meneer Slager” Courant wol wêze dy´t er sit te lêzen.

De (sosjale) media
Mem kriget de ôfstânsbetsjinning fan ´e tafel en set it tillefyzje wat lûder: Moatte jim no ris sjen! Heden noch oan ta! “Onze reporter ter plaatse is Tinus Plukvet. Tinus kom er maar in! Valt er al wat te melden over hoeveel cases het betreft?”

It bern yn dut ferhaal soe der no stomme graach útrinne wolle, mar dat kin net, fanwegen dy thúsbliuwplicht dêr´t wy op it heden mei tangele binne.
Mar wachtsje ris, hy hat krekt in snoadfoan foar syn jierdei krige. No, ju, is dat net in moaie útfining! Hy kin ommers appe mei syn stalke Watse: Moin Watse, wurdt der by jim yn ´e hûs ek in protte Hollânsk praat? It jonkje lêst wat er ferstjoerd hat: Moni Waste, wordt der nu Jim university ´e hûs ik in protheses…
It jonkje sjucht as in ko yn ´e poarte: Wat is dut yn ´e goedichheid? De applikaasje hat alles ferhaspele om´t er Fryske wurden net te plak bringe kin.

Ferlerne ginneraasjes en sabeare kultuerdragers
Neffens Pier is it wichtichste “de gebrûkswearde fan it Frysk. Werom soest dy taal eins leare wolle, ast him net nedich hast of sjochst. De ekonomyske wearde en de sichtberens fan it Frysk is lyts. En dat is it grutte probleem.” Dêr rekket er de saak yn it lid mei neffens my. Wêrom soe it jonkje yn dut ferhaal Frysk op skoalle hawwe wolle? Om´t heit en mem dat sa graach wolle? Heit en mem dy´t ta de “ferlerne ginneraasjes” rekkene wurde kinne om´t se sels nea ofte ninter Frysk op skoalle hân hawwe en dêrom net by steat binne aktuele ûnderwerpen yn har eigen taal op it sjapiter te bringen. En dêr ek gjin stipe yn ´e rêch by krije de kant fan ´e media út wei, dy´t winliken kultuerdrager wêze moatte soene. Hja litte it mar raar sitte! Kultuerdragers? Ja, skyt!

Watsei
Ik haw hielendal gjin doel oer sokke dingen, mar it moat dochs net sa´n ferskuorrende behyplik kerwei wêze en set op prikken dat bern teminsten mei-inoar appe kinne yn deselde taal dy´t se mei-inoar prate, wol! Is dat net sljuchtwei in online wurdboek (of wurdlist of leksikon of hoe´t men it mar neamt) oan dy applikaasje keppelje? Wy sille yn Fryslân dochs wol in spesjalist hawwe dy´t op it heden fanwegen dy kroankrisis thús by de hurd sit te kloatdrûgjen en dy´t soks mei de dronkene harsens noch wol út it strie sette kinne?
Of sjucht dizze Unnoazelsma dat wer ris hielendal ferkeard?

Hertlike groetnis,

Jaap

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. april 22, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]