Kûgels
Komt in keardel it kafee ynstowen mei in baas pistoal yn ‘e hân. Hy bliuwt justjes diskant de drompel stean, sjucht it hear oer en balt kûgelsk: ‘Hjir sitte sân patroanen yn, seis yn it magazyn en ien yn ‘e keamer. En no foar de tried dermei… wa hat it mei myn wiif dien?’
Ropt der ien mei skrok lûd efter út ‘e folle jachtweide wei: ‘Bist mear kûgels fanneden.’
Recente reacties