Kroandea
Kroane
Dat is ek merakelse minsklik, tink, en risselwearje mar rimpen dat wy de kroane fan ´e skepping binne. Kroanfirussen skuorre har de bûsen út by safolle ûnnoazelens: “It binne de mikroben, mofferts! De mikroben binne de grutte jonges fan dizze wrâld, de kroanprinsen!”
Firus(s)kenner
Om´t ik wat in talemantsje bin, pik ik fan en dan ek wolris wat op fan wat der yn dat fermidden bejeuzele wurdt. Men hoecht inkeld de hannen oer de earen te lizzen en men kin mar taharkje. Want se lizze oan ien triem wei te eameljen, sjuch, en hawwe allegeduerigen eat op ´e tromme – boem, boem, boem!
Bygelyks, dat hja de eachapels fan ´e skepper binne en dat wy – krekt as it fûgelt en it beamt – neat mear binne as inkeld ferbrûksguod, ta weismiten keard.
Ta stof
Doe´t ik ris sa ûnskeamel wie en freegje ien dy´t my goedaardich talike, wat se dêr krekt mei bedoelden, gong myn fraach fuort firaal – slop wiene se! Hja knipten my yn koar yn ´e earen, dat ik snobbersguod foar harren wie, dat ik har allikefolle wie as in tydlik ferfiermiddel “oantsto ta de ierde weromkearst, dêr´tst út nommen bist; want mikroben bisto en ta mikroben silst weromkeare!”
Misbaksil
De grize rûn my oer de grouwe, sil ik jim fertelle.
“Mar,” huvere ik, “rydt it wat noflik… teminsten?”
“Tuskenbeiden!” rôp der ien, “Wy ha wolris mear pk ûnder de flap hân.”
Mar dat wie in kwea-aardigenien neffens my, in baksil – wat in misbaksil.
Genealogy
Hawar, de measten fan ús kenne dat gefoel wol, it gefoel dat ús (grut)âldelju net earlik dea binne, mar yn ús (dwaan en litten) fuortlibje.
No, dat is ek sa, kin ik jim ferfyskje, hja sitte ús yn ´e genen!
Om krekt te wêzen, hawwe withoefolle fan ús noch genen fan Redbad yn ´e pochel, hahaha…
Watsjo? Prins Bernhard?
No net sa raar, ju! Mar no´t wy it der dochs oer hawwe, it binne de mikroben dy´t de grutte jonges fan dizze wrâld binne, de kroanprinsen – net de grutte jonges!
Kante klûntsjes
Jawis, wy kinne ús bekroanje om flardeguod, en it ek noch fertestamintsje wolle, mar ús wichtichste erf is al lang tamakke – bûten ús om! Wy binne in klûntsje – in klûntsje mikroben. Neat mear en neat minder. Dêr sitte bytiden wakker kwikkere en kante klûntsjes by, hear – sa net! Tink bygelyks oan ús kreaze Kroes!
Net te lang, hin – yn it fatsoenlike, blinder!
Mar klûntsjes binne wy!
Klûntsjeknipper
Wy wiene wat in suksesformule kwa omballing. Wat koarter yn ´e kriem en kreativer as ús foargongers yn it Mesozoïkum, mar wat it rintmasterskip oanbelanget… sa rûch as pakjetou.
Dit is in wier wurd: want as immen nei it amt fan opsjenner trachtet, dy begeart in treflik wurk, mar… as immen syn eigen klûntsje net wit te regearjen, hoe sil er dan foar Gods klûntsje (de wrâld) soargje?
Weromkommen
Dêrom net, Hy moat bytiden wol gnize, want de dinosaurussen woene moai gauwer om lyk as wy – dat wie doe samar klear! Mar, hoenear´t Er dy klûntsjes fan tsjintwurdich in pleach oer de bealich jaget, fine dy doerakken yn in flok en in sucht in faksin út, hahaha… âlde rotten litte har net maklik fange.
Hawar, it hat no moai west. Hy hat mear pylken op ´e koker – Hy hat syn Kroanprins noch.
En op it lêst… fersein is fersein!
… corona … of/fon
… fries
rintmasterskip (f)oanbelanget, …
Virus en vaccin mei v uut Latiin.
Vagina, vulva, vesper, versus, vs.
Video, Frieske Vlogger mei ’n V.
Corona wurdt nèt korona-virus.
Coroner id dea-graver, ‘kroan-dea.’
Corvus corone, ’n Fleanende krie fiint earne eat,
ien, die’t sit, die krieget neat.
Foàr de berte, by de concepsje begjinst âs zygoate, jok-cell,
dân ’n blastocyst, ’n holl clompke cellen, ’n cloppiënd hert âll
nei 2 wieken, ’n embryo, nei 8 wieken ’n foetus oant berte …
Feministen gean oer liken fon liitse bern, iin ’t memmeliif ta
Untermensch forcleärre.
Krekt mei k, út Frâns.
Mar wat oars, Dauwe, no´t ik dy dochs efkes op ´e side haw 😉
Immen dy´t alle klapsketen yn ´e pleit giet foar de prenatale frucht (“ta Untermensch forcleärre”) soe men bytiden wat mear begrutsjen fan ferwachtsje mei it postnatale produkt dat yn it laberet sit (en dat út dy reden sa´t skynt wol ta Untermensch ferklearre wurde mei).
Of sjucht Jaap dat wer ris hielendal ferkeard?