Kristlikens of…

Folgjende pasjint

Bolsonaro wie útgliden, yn ´e baaikeamer. Dêrby wied er op ´e holle delkommen. Dat earjuster waard yn it sikehûs in harsenscan makke…
Gjin panyk! Der is neat fûn.
No, dat hie dizze jonge foartiid wol fertelle kinnen. Dêrom net, mar ik haw koartlyn al stike om de funksje fan liifdokter fan dizze Brazyljaanske presidint – dy Trump fan ´e Tropen. It is him net wurden. Wêrom wit ik net. Altemets hie ik myn namme net mei.
Hawar, om´t neat oantroffen waard by it harsenûndersyk koed er fuort wer oan it wurk as presidint. Moai, net!

Gesoademiter yn Brazylje

Men plichtet hjir te sizzen “Calme no Brasil – que Portugal é nosso!” (= Kalm bliuwe yn Brazylje, want Portegal is uzes!) hoenear´t men oanjaan wol: Gjin panyk! Meastentiids kin men ta mei it earste part te sizzen (“Calme no Brasil!”). Jins petearpartner follet it sechje dan wol oan.
Dy siswize is op it heden beslist fan tapassing, want Brazylje is alhiel fan ´t anker slein.
Wat is der te rêden?
No, in produksjemaatskippij hat Jezus Kristus yn in film sa´t it skynt as homosekseweel delset. Humor, sizze guon. Blasfemy, sizze oaren. Dat men kin fan tinken wol hawwe dat der no wakker skreaun en wreaun wurdt oer de fraach oft humor syn grinzen hawwe moat. Moai, net!

Partidigens

Ik wol my der net mei bemuoie, mar it soe my neat gjin nij dwaan as dy lju dy´t de eagen no boppe op ´e kop hawwe, deselde lju binne dy´t it har net heal en net fearns begripe koene dat moslims kûgelsk wiene doe´t Mohammed fan in karikaturist as selsmoardterrorist ôfbylde waard. Humor, fûnen se destiden. Blasfemy, seine oaren. Ik bin fan betinken: dy´t oer in balke springt, moat oer in strie net stroffelje. Want der sit neffens my in fyn ferskeel tusken homofily en terrorisme: in terrorist is in misdiediger – in homofyl is dat perfoarst net. Ek al sille der grif guon wêze dy´t dat lêste yn ´e kiif sette wolle.

Suertsjes

Dizze jonge hat fan leauwen likefolle ferstân as de bolle fan ‘e noardstjer, mar it wol my oan dat men in wiere leauwer net samar fearren fan ´t gat blaze kin. It sil him nei alle tinken allike folle wêze oft it berntsje Jezus wyt, swart of pûkelich wie, in jonge, in famke of eat dêr tuskenyn. It wie de boadskipper fan God – klear!
Der wurdt wol sein dat lju dy´t moartsje as in baarch dy´t ringe wurdt hoenear´t se in homo sjugge, sels noch út ´e kast komme moatte. En wat de grinzen fan humor oanbelanget, in kammeraat fan my plichtet te sizzen: “Alles wat om te laitsjen is, is humor!” Dat net alleman om itselde laitsje moat, makket eat neffens my ta humor – net ta eat om alderdierberst by te flokken.

Kristlike krysttiid

En bleau it mar by flokken. Mar nee, it moat fansels wer mei barstende geweld mank gean. Der wurdt in mûne set om in ljippen te meallen. Molotov cocktails waarden by it haadkantoar troch de foardoar smiten. Noflike krystdagen! Cocktailtsjes, op krystjûn? Hjirre! Sti-hille nacht! En fral… sûnens!
Watsjo?
Ja, it docht my ek wat tinken oan dy groepearrings dy´t by kliniken bommen nei binnen smite… en doch út ´e doeken dat se Pro Life(!) binne, hahaha! Mei sa´n frijwat postnatale abortus wolle se sa´t it liket ferdútskje dat se op prenatale abortus tsjin binne – en foar libben en leafde.
De fraach is neffens my: Is soks kristlikens of mislikens?

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. D. f.d. Meulen schreef:

    ‘n(!) iin Wördbook ûnder N. FA foàrkar-wordlist 333.
    ’n Ménske sin is ’n ménske libben.
    Stie by uus èk up ’n boàrdsje âs ’n buordsje oan ‘e muorre.
    Sin en wille kinn’ âlles tille. Sinne …
    Tinne plackjes is ’t behôld foàr ’n woàrst.
    Uut ’t Drintsk up ’n tegel, fon collega kriege.

  1. december 27, 2019

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]