Koroanablau past by…

Leave suster,

Ja, moai, net ju, dy blauwe loften. It komt noch safier dat wy skielk ûnwennich binne fan dizze krisis. En fan ´e fûgeltsjes dy´t men wer fluitsjen heart. Hast dat sjoen, dat filmke mei dy ein mei einepykjes sûnder… eh, sûnder ein. Hoefolle wiene it wol net? Wol fjirtich, tink! Hoe kin soks?

Mar wat in nuvere beweging by jim, dat jim dyn jierdei fiere koene op it boat, wylst oarekant de mar de lju net iens it terrein fan ´e haven op meie. It is nammers net allinnich by jimme yn Brabân sa bryk. De ôfrûne wike fertelde in stalke út Drachten dat er jitte net in mûlkapke hie. Och heden, rôp ik, hjir yn Portegal kin men niet iens de doar mear út sûnder sa´n ding.

Wêrom´t ik dy justerjûn frege oft wy neffens dy yninte binne tsjin tuberkuloaze, wie om´t wy op ´e nijsberichten hearden dat in Spanjert in relaasje ûntdutsen hie tusken it stjertesifer troch it kroanfirus en faksinaasje tsjin TBC. Fjirtich jier ferlyn binne se dêrmei opholden, sjuch, yn Spanje, mei dy yninting tsjin tuberkuloaze. En dat no soe de hege mortaliteit dêre ferklearje moatte, no mei it kroanfirus. Hjirre binne se dêr pas trije jier lyn mei opholden. Mei dy faksinaasje, bedoel ik – it kroanfirus hâlde wy noch in setsje oan.
Ik wit net oft it ynintsjen tsjin TBC yn it Nederlân al ôfskaft is.

Ach, men wit it tsjintwurdich dochs net mear, wat men leauwe moat en wat net. Nim no it prústen. “Moat dat perfoarst mei sa´n barstende geweld?” sjucht Maria my alle kearen kjel oan.
Ja, ik haw it earen ris ynholden en doe wie it my fuort yn ´e rêch sketten – dat moatte wy net wer hawwe, no.
Mar it is in lijen, fral mei dy heakoarts fan my – dêr´t ik yn it Nederlân frjemdernôch nea lêst fan hie. Mar no komt it…
“Moatst dy net yn ´e hân prúste,” seit Maria, “mar yn dyn bûsdoek!”
Sa hurd kin ik dy ommers net út ´e bûse krije, ju. Soks komt my oan as de ko it skiten. Dan sjucht se my oan. Fryske útdrukking, fertsjutskje ik dan.
“Dan moatst it yn ´e earmtakke dwaan!” Maria leit net fan ien slach, sjuch.
Is dat deselde earmtakke dêr´t men tsjintwurdich mei… eh, fûstkje moat? 😉 Boppedat kin ik myn oerstrûper dan fuort wol by de wask dwaan, ju.

Dat is al in punt by my. De ôfrûne wike soe ik ôffal en lege flesseboel efkes nei de konteners bringe. “Mûlkapke foar!” rôp Maria fanút ´e keuken.
It is mar in hoannestap, ju, dat my tocht: Dat plestik skerm efkes foar it antlit, dat kin sa wol. Hawar, foardoar iepen, ik krige de pûden op en dêr wie it al sa: HATSJOE!
Ik seach opslach neat mear. Kin neat skele, dy dingen sitte goed fêst, mei dy bân om ´e holle. Foar itselde jild wie it hiele skerm út ´e bân sprongen en lei it no yn ´e Rio Guadiana.

Wat kin ik fierder noch fertelle? Watsei? Polityk? Brek my de bek net iepen!
Ik haw suver ûnwen, wolst dat wol leauwe, fan ´e tiid dat politisy ferantwurdlikens namen foar de misstannen yn ús maatskippij en ús loofden dêrmei te rêden. En net – sa as hjoed oan de dei – Evertom op ´e rêch hawwe en in oar dy misstannen op ´e lea plakke wolle – leafst in groep dy´t him net ferdigenje kin. Nee, dan Trump! Dat is teminsten in keardel! Dy jout de skuld oan groepen dy´t har al ferdigenje kinne – Sinezen, Meksikanen, bûnsgenoaten, ensafuorthinne! Dat sil him skielk noch op syn lân waaie…
O, wachtsje… dat docht it al 😊

Ja, ik laitsje wol, mar ik bin net bliid. Want dy o sa maklike manear fan polityk bedriuwen is fan dy gefolgen dat der altyd wer minsken binne dy´t it leauwe, no. De bek falt jin bytiden iepen hoe dom at minsken binne. Ik bedoel, hiene wy 75 jier ferlyn net mei-inoar ôfpraat dat wy dêr net wer yn traapje soene, yn dy babbelegûchjes? Mar nee hear, smiten folk litte har op ´en nij ferrifelje. Toe mar! Adolf Hitler wie beslist net de earste politike loaibûse en hy sil sa´t it liket ek net de lêste wêze.

Dêrom net, ferline jier seach ik ek al sa benijd op dat net ien der omtinken oan jaan woe dat wy foar de fiifensantichste(!) kear ús befrijing fierden. Nee, ik moast noch in jier wachtsje 😊 Krekt oft frijdom in libben wêzen is, dat nei in jier pas syn earste bertedei fiere mei. In libben wêzen? Wy meie wol oppasse dat ús frijens skielk net de safolste kroandeade is. O, nim my net kwea-ôf, koroana moat ik no sizze fan ´e eksegeten fan ´e Fryske Akademy.

Toe mar. Wy nimme der fan ´e jûn noch mar ien op, fanke, op de blue skies, smiling at us... Of, mei Heino: Ja, ja, so blau, blau, blau… hoe gie dat ek mar wer fierder? …blüht die… ik wit it net mear.

Grouwe tút,
Jaap

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. mei 12, 2020

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]