Kopstim

– Ik moat dûmny winliken efkes te wurd, as dûmny it oan tiid hat.

– Dat is dan gauwer as dat ik ferwachte hie, leave jonge. Mar, toe mar, sis it mar!

– It is al in bytsje nuver, dûmny, mar … ik hear langer oan ien tried wei in stim dy’t my allegeduerigen seit wat ik dwaan moat.

– Ja, jonge, dêr wie ik al bang foar. Mar dat is neat net nuver, hear!

– Hoesa, dûmny? Tinkt dûmny ek dat ik fan ‘e kweade riden wurd?

– Dat is mar krekt hoe’tst it besjen wolst, Dauwe.

– Hoe bedoelt dûmny?

– Leave jonge, do bist troud.

Dit vind je misschien ook leuk...