Knibbelsmoar
Wêrom’t ik skriuw? Dat sei ik ommers niiskrekt al: om’t ik it net litte kin. Of better, om net gek te wurden. It is in foech terapy dus. De werklikheid is ommers gjin rie ta – foar is foar en efter is ek foar.
Nim bygelyks dy smoarge oarloch …
‘Nee,’ seit dy heale geare yn it Kremlin, ‘jim meie beslist gjin langeôfstânswapens oan dy Oekraïners leverje, hear. Want dan soene se Russysk grûngebiet treffe kinne.’ ‘Hast gelyk,’ seit Biden, ‘dat sille wy net dwaan.’
Dêr stiet myn ferstân dus by stil, hin. Jimmes net? Dus, as ik it goed begryp, mei Ruslân nei eigenwille bommen op in oar lân goaie, mar dat oare lân mei neat weromdwaan … want dat is net leuk. En dêre kin Biden wol ynkomme – ons kent ons!
Dat de Oekraïners meie allinnich bommen goaie … en no komt it … op harren eigen lân. Mei’t de Russen troch de wei fan harren militêre wurdfierder Igor ‘Pratende Kut’ Konashenkov sizze kin: ‘Sjugge jimme dat no? Dy Oekraïners goaie bommen op harren eigen lju!’
Wat dizze jonge ek net oan wol, is wêrom’t dy skippen mei nôt net ophelle wurde kinne. Ik bedoel … stjoer in pear NAFO-skippen nei sa’n Oekraynske haven. Wêrom soene dy dêr net komme meie? Knappe Rus dy’t hinnegiet en sjit op in NAFO-fartúch. Wier?
Sjuch, en dy NAFO-skippen nimme sa’n nôtskip tusken har yn en … hatsekidee!
Watte? Ikke foarop?
Ik haw tafallich no wat in seare knibbel … mar oars …
Recente reacties