Kneppelfreed sabotearre fan …

  • Grutte-fammen

… de Friezen sels.
Jawis, goed santich jier lyn wiene wy fan betinken dat it net in kant út koe dat wy yn ’e rjuchtseal in frjemde taal prate moasten. Dat men jins djipste fielen yn jins eigen sprake uterje mei, beskôgen wy as in minskerjucht – dêr woene wy wol foar op de barrikades. Mar se miene om utens al lang net mear dat alle Friezen op freed mei it mes dwers yn ’e freet stean as it om harren memmetaal giet, lit stean fan mei de kneppel.
Hin?
Nee, op oare dagen ek net: ‘Ben je niet wijs? Die Friezen zijn zo goed als brood – die verbreken hullie wel als we zullie in een andere taal aanspreken, hoor!’

Ik ek, hear, moat ik tajaan.
Hast fiifensechstich jier lyn gongen wy om utens, mar wy bleaune thús Frysk praten. Allinnich, ús Piter en ús Keimpe groeiden op yn in oar taalfermidden. Heit, mem en ús Nynke prate ik Frysk mei; mei ús Keimpe en ús Piter Hollânsk. Dat waard in automatisme – wy sloegen… en slaan sûnder neitinken (of naad) fan it ien yn it oar.
Binne wy dêr hosk mei?
Om de wearlich net! Hoechst allinnich mar op Facebook te sjen. Dêr kommunisearje wy allegearre yn it Hollânsk. As wy Frysk brûke wolle, lûke wy ús earst nuet werom yn in risservaat – Fryslân en de Fryske taal of Ik hâld fan Fryslân – want dêr mei it.

Wurdt yn sa’n FB-risservaat inkeld en allinne yn it Frysk kommunisearre?
Och heden, nee! Sterker noch, meast yn it Hollânsk! Watte? As in Hollanner op in Frysk stikje reagearret, dan hat it Hollânsk tenei de foarkâns. Dat is in automatisme dat wy sa’t skynt allegearre mei ús earste brij ynjûn krige hawwe. En wy binne sachs ek as de dea sa bang dat immen ús as ‘Friese stijfkop’ fansiden skowe sil, of … hoe hyt dat? … ja just, blokkearje!

Mar wêrom is it Frysk in rykstaal wurden?
Om’t smiten folk dy sprake as har foarste taal beskôgje, tinkt my. Alteast, dat wie sa op Kneppelfreed. Moat de wet sa njonkelytsen net op ’e nij oanpast wurde?

Okkerdeis kaam de Ljouwerter, ‘ús nasjonale kultuerdrager’ sa’t eltsenien wit, mei it artikel Minister Hugo de Jonge schrijft brief aan Kamer in het Fries. Krekt oft se mei dy kop oanjaan woene: Wat in healwizeling, net?
Diskear moat ik de Ljouwerter in bytsje gelyk jaan. Is it ommers net de omkearde wrâld: yn it heitelân hieltyd minder jins memmetaal brûke en dan sil it om utens halje-trawalje wêze? Dat leit yn deselde line as yn Parys it paad yn it Frysk befreegje. Wy meitsje gjin sêne oan ’e Seine – men moat bylje mei de hûnen dêr’t men mei yn ’e bosk is. Ommers, ha jimme yn Fryslân ea in Dútser meimakke dy’t it paad befreget yn it Dú…
Watsei? Min foarbyld?
No, in Hollanner dan, dy’t …
Noch folle minder?
Wat? Prate wy Dútsk of Hollânsk werom? Binne wy sa noflik en hoflik?

No, yn alle gefal is dizze jonge hinnegien en skriuw Frysk op FB. Op de haadside, ja. Frysk is fergemy ús memmetaal en … in rykstaal! Wat sil ik dêr dan dimmen yn in herntsje weikrûpe?
It nuvere is dat it der alles fan hat dat net-Friezen my folle better begripe en dêr folle mear wurdearring foar hawwe as de lju út it risservaat.
Ik wit wol, wurdearring toane sit net yn ús folksaard. Wy litte ús folkstaal fertutearzje, mar wy klamje ús fêst oan ús aard dat it in aard hat. Leaver dea as attint! Hoflikens bewarje wy foar de bûtenlanners.

In foarbyld? Lit my ris sjen …
O ja, okkerdeis kamen in Durk en Jehannes mei it biedwurd Let’s make it Frysk leuk again!
In pear âldstudinten Fryske Taal en Kultuer soe ik fan ferwachtsje: Lit ús it Frysk wer aardich meitsje! (LUIFWAM) of Memmetaal earst, man! (MEM)
Mar, nee dus: Let’s make it Frysk leuk again!
 
It jout neffens my wol oan dat it Frysk oars nearne mear nei slacht as nei deade miggen. It hat der alles fan dat it mei de Fryske kultuer net oars gean sil as mei oare, ea machtige en grutte kultueren: heurich glânzgjende opgong mei koarsang, erflik oanwaaksende symfonyorkestklang, stadich weiswinende swannesang.

Dit vind je misschien ook leuk...