Kloatfoan

Heu M en T,

Jimme hawwe der oars ek mar knap waar by, mei jim ‘Mês dos Namorados.’ En op Fette Tiisdei ek noch nei it Carneval ta, tink, yn Loulé.

Wy hawwe juster nei Beja ta west. Maria fûn it mar neat dat ik sa’n grutte stjer yn it skerm fan myn snoadfoan hie.
Dat toe mar, in nijenien.
Doe woe ik ek Maria in tastel taha mei wat gruttere sifertoetsen, yn stee fan dat behindich dinkje.
Woe se neat fan witte.
Ik miende mar dat se wer in opstiging fan sunigens hie. Mar, nee, hja woe ek in snoadfoan hawwe. De bek foel my iepen. Se heart my sa fakenfolle oangean en flokken at dat rotding net docht wat ik wol, dat ik hie der hyn ofte nei gjin refleksje op makke dat hja ek sa’n … eh, ‘rotding’ woe. Moai, net?
Dat … toe mar, do ek ien!

Mar no komt it … dy fan Maria docht it en dy fan mij docht it net.
Wy moasten foar dy fan Maria wol in nije ’tsjip’ (of hoe hjit soks?) programmearje litte by de spesjaalsaak, want dy fan har stoomtillefoan koe sa’t skynt net oerset wurde nei har nij. Mar dat wie samar yn streken. En doe woe ik fansels dat dy lju de hiele rimram fan myn ãld foan even oersetten nei myn nij. No, dat koe ek wol! Mar dêr gong mear as in oere mei hinne.
No ja, set in oere ôf tsjin … tsien jier fan myn libben!
Dat ik wie samar út ‘e rie. Kertier oer sânen stiene wy wer bûtendoar. Hurd nei de Cegonha yn Mértola ta, want wy fleagen ûnder hannen tsjin ‘e latten op fan ‘e honger.

Ik soe Maria yn it restaurant even kjel meitsje troch har op har nij snoadfoan te skiljen. Wat tochtste? Bist net oansletten, kloat fan Dokkum!
No ja, ‘kloat fan Dokkum’ sei dat ding fansels net – dat hie der noch bykomme moatten. En ‘bist net oansletten’ ek net, want it giet allegear yn it Portegeesk fansels. Mar it kaam der al op del.
Hawar, doe’t ik nei it hanwaskjen nei ús taffeltsje ta rûn, hie Maria in hiel petear mei in freondinne op har nij tillefoan. Dat … dy fan har die it al!
Doe’t se klear wie, frege ik har oft hja mij even skilje woe. Hja seach my oan: Wêrom dat? Do sitst ommers foar my oer, okse!
Doe’t ik ien lang en twa breed útlein hie dat ik noed hie dat dy fan mij net doogde, skille se lang om let dan dochs myn nûmer.
Wat tochtste? Louloene fansels!
‘Ik hear him oars wol oergean,’ besocht Maria my noch del te bêdzjen, doe’t se seach dat my de kop al op oranje fleach.
Sjuch, dat hie se net sizze moatten. Se moasten my tsjinhâlde, want ik wie yn ‘e wille en soal dy kloatfoan troch de ruten. Luís hold my de smeetearm op ‘e rêch en der kaam ek al ien út ‘e keuken setten mei in daairôle om Luís assistinsje en mij anestesy te ferlienen. 
Doe’t ik wer wat yn ‘e bedarring wie, ornearre Maria dat it de baas is en lis dij it probleem earst even foar, foar’t ik it ding oan spuonnen slaan.
Wat is ’t wat, net? Amperoan in snoadfoan en hja is al snoader as ik …
Watsei? O, wie hja dat altyd al? 

Goed, wy sitte yn ‘e auto ûnderweis nei hûs ta, jout myn âld foan in sinjaal. Maria hellet him foar it ljocht en seit: ‘Hast ek in oprop mist.’
‘Fan wa dat?’
‘Fan mij.’
‘No ha wy de hichte!’ Soest sa’n ding net? 

Om koart te kriemen, M, ik haw in hagelnij tillefoan dêr’t ik alles wol mei kin behalve … tillefonearje!
Kinsto my altemets útlizze wat ik ferkeard doch? Want der skimeret my no al wat dat it him oan mij sit … en net oan it tillefoanapparaat, sjuch.

NDF
Jaap

P.S.

O ja, noch wat …Wy hiene it okkerwyks ûnder it iten oer myn side, www.janblogger.eu, en datsto alle kearen in eameltsje krigest at der in nij stikje is. En do fregest oft der mear wiene. Ik fertelde dat der bytiden al in siferke efter myn stikjes stiet dat it tal ‘hits’ oanjout, sa’t it hjit, en dat ik ek geregeldwei in ‘pingback’ (?) krij fan in literêre side.
Fierders ynteressearret it my de barrels, want ik haw myn wille der al fan hân – fan it skriuwen, bedoel ik.
Mar no haw ik even fierder sjoen as myn noas lang is. Do kinst op bysletten ‘screenshot’ sjen dat ik hjoed oant no ta 46 ‘visitors’ hân haw en 1.729 ‘visits.’ Dat, asto my fertelle kinst wat it iene mei it oare betsjut, kinst mear as ik.

😊

Dit vind je misschien ook leuk...