Kliemskekloatekultuer

Dat lju ja sizze en nee dogge, dêr kin dizze jonge mar min oan wenne. It is krekt oft se benaud binne dat ik har in oplawibus jaan sil, hoenear’t dizze twa kúb foar har stiet en se nee sizze soene. “Ja? Moarn? Klear! Ik sil soargje dat ik thús bin.”

Ja, en dan sit men sa’n hiele dei mei kjimme hier en it gehoarapparaat op spjeldefalsterkte, mei’t jin de klop op ‘e doar net ûntkomt, te wachtsjen op de putsjeman. Mar, wa’t yn Portegal op de putsjeman wachtet, wachtet altyd.

Ik wit wol, ik moat my as ynkommeling oanpasse oan ‘e hearskjende kultuer fan Amanhã (= moarn). Mar sa wol ik winliken net, sjuch? Ik bin fan betinken ‘Dy’t net fertrouwe wol … is net te fertrouwen.’

My komt op sokke stuiten bygelyks dy frachtrider út Skotlân yn ‘t sin dêr’t ik foar in diel jierren mei op ‘e tok kaam by freonen fan ús dy’t in baas feebedriuw mei in grut beslach Angus kij ha, hjirre oan ‘e Rio Guadiana. “Ik kom graach yn ‘e Nederlannen,” sei dy man, “de lju lizze my, sjuch? Ja is by har ja en nee is nee. Men kin dêre jit fan ‘e lju op oan.”

“Och heden, Jaap,” krij ik gauris te hearren hoenear’t ik by Nederlanners mei it ferhaal fan dy frachtrider op ‘e lappen kom, “men kin wol fernimme datst al in skoftke om utens bist. Dy mentaliteit is al in moai mannich jierren út ‘e merke rekke, hear, troch alle ynkommelingen yn ‘e Nederlannen.”

Wat in nuvere beweging, net?
Fiere Nederlanners net allegeduerigen in steil wurd oer dat ynkommelingen har mar oanpasse moatte oan ús kultuer? Hokker kultuer, freegje ik my ôf. De kultuer fan jin oanpassen oan ‘e kultuer fan ynkommelingen? Is dy kultuer net wat … slopankelich?

Begryp my net ferkeard! Ik bin it rûnom iens mei it stânpunt dat ynkommelingen har oanpasse kinne oan ‘e hearskjende kultuer. Mar dat moat dan net in kliemskekloatekultuer wêze dy’t amper sydwyn gean kin. It moat in kultuer wêze dy’t him stiet tsjin ynfloed fan bûtenôf, stiif yn ‘e ankels en de kop op oranje: ‘Sjesa dogge wy dat hjir: in man in man, in wurd in wurd.’

As men jin net oanpasse kin of wol oan ‘e hearskjende kultuer, sa moat men de gefolgen dêrfan stean en net krimmenearje of mei ditten en datten oankomme. Sa hoech ik my perfoarst net oan te passen oan de Portegeeske kultuer fan Amanhã, mar dan moat ik al taret wêze op tebeksetters en net ynienen de earme lijer spylje.
Moarn bliuwt altyd moarn — is it net in prachtsysteem?
Of, sa’t it yn ús sustertaal hjit: Tomorrow never comes.

You may also like...

1 Response

  1. desimber 11, 2021

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]