Kleureblyn

Dut ferhaal spilet yn ‘e rûzige jierren ‘60…

In negerinne fan middelbere jierren stie by nacht en nevel yn spielende rein lâns de kant fan in autodyk yn Alabama. Hja hie maleur mei it auto en wie poerferlegen.
In blanke jonge stoppe om te helpen, wakker singelier yn dy dagen. Hy krige it auto mei gauwens wer oan ‘e gong. Hy woe gjin praat oer jild hearre en soe al ôfsette, mar… de frou woe perfoarst earst syn adres witte.

In wike letter waard in baas kleuretillevyzje ôflevere op dat adres. Der siet in briefke by:
Nochris o sa betanke foar jo help! Troch jo kaam ik yntiids oan myn man syn stjerbêd.
Mei rju achtinge,
frou Nat ‘King’ Cole

Dit vind je misschien ook leuk...