Kjeldput
In DANA (ôfkoarting foar Depresión Aislada en Niveles Altos) is in isolearre gebiet fan lege druk yn ‘e hegere luchtlagen, dêr’t it bytiden mear as twahùndert graden ûnder it nulpunt wêze kin. Men kin jin foarstelle wat der bart as de waarme wetterdamp dy’t opstiicht fan de Middellânske See, dy’t op plakken mear as 28 graden is, yn dy kleldput donderet… Heilstiennen sa grut as granaten en op plakken mear as 750 liter de kante meter rein.
Dy’t him of har net foarstelle kin hokker effekt it ien mei it oar hat, hoecht mar nei de bylden fan ‘e materiele skea op it tillefyzje te sjen. Allinnich yn Falinsia binne al mear as hûndert minsken omkommen.
Partij lju miene noch dat as wy moarn wrâldwiid mei de útstjit fan koaledamp ophâlde, it oaremoarn wer de goede kant út sil mei it klimaat.
No, nee! Dêr is gjin aventoer op. Wy hawwe it mei ús allen safier komme litten. Dat wy moatte dizze natuerferskynsels tenei mar treast wêze, al reint it heafoarken mei de punten del.
Recente reacties