Kin it lytse Nederlân noch wol út tsjin opslûpene earmsterke jonges lykas Shell en Unilever?

Jesse Klaver skreau okkerdeis in ‘brânbrief’ oan de Jeropeeske Kommisje dêr’t er yn fersocht en blokkearje de ôfskaffing fan ‘e dividintbelesting, dy’t yn ‘e talis is. Hy hie likegoed in leafdesbrief oan Máxima skriuwe kinnen dêr’t er har yn freget en wurd man-en-wiif, mar dêr gong it net om. De dividintbelesting is in politike bom en wêr’t it op oankomt no, is fyn beslipe profilearring.

De ôfskaffing fan ‘e belesting fan dividint is foar Rutte III wat de ynkommensôfhinklike soarchpreemje wie foar Rutte II: fuortynienen o-heden yn ‘e buorren. Allinnich, dizze reis sille de koälysjepartners net bakseillûke. Yn 2020 wurdt de dividintbelesting ôfskaft – of Shell en Unilever moatte foar dy tiid al besletten hawwe en ferfar nei Grut-Brittannië, want dan hat it gjin sin mear.

Premier Rutte wol net sizze hokfoar bedriuwen oft him frege/opdroegen hawwe en weevje ôf mei de dividintbelesting, mar syn fraksjelieder Dijkhoff woe dêr yn ‘e Keamer wol in bekfol oer kwyt. ‘Bedriuwen dy’t twivelje, wolle wy oan omspegelje dat it Nederlân wat foar hat by oare’, seid er. Der binne twa grutte bedriuwen dy’t jit twivelje, Shell en Unilever, en fan dy beide stiet Unilever noch it meast yn bestân, nammentlik oer it ferplakken fan it Rotterdaamske haadkantoar nei Londen ta.

Nei de Ingelsk-Nederlânske oarloggen yn ‘e santjinde en achttjinde iuw is men no bang foar in nijen-ien. It perfide Albion wol ús Unilever en Shell ôfgnobje, mar admiraal Rutte sil stride salang’t er stride kin, blinder, en syn kanon hjit ôfskaffing fan ‘e dividintbelesting.
Rutte is der, teffens as âld-personielssjef fan Cora van Mora (Unilever), yngeand fan oertsjûge dat it kanon ôffjurre wurde moat. Dat binne de oare trije koälysjepartners oars ek wol fan betinken, mar faaks in koarelskromke minder yngeand. Kiezers dy’t altiten al foar ôfskaffing wiene, binne wûnder op ‘e tried, want it stie yn gjinien ferkiezingsprogramma. Dat is ek de kearn fan it debat: wêrom no ynienen? It andert: de lobby fan de multinasjonals en wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW wie fûleindich, it driigjen om fuort yntimidearjend. Dat wie foar de ferkiezings fansels ek al sa, mar dyjinge dy’t it ynstruiïnkje fan 1.400 miljoen foar útlânske dividintlûkers yn it ferkiezingsprogramma opnommen hie, wie ferhune wurden en ôfstraft. Dat der waard keazen foar in post-elektoraal oanpassen fan it programma.

It beslút is neffens Rutte ynjûn fan de sa’t it liket pas earst nei 12 maart lêstlyn foar ’t ljocht kommene ‘nije realiteit’ fan aktivistyske oandielhâlders en party fúzjes en oernamen. Minister fan Finânsjes en amateurbokser Wopke Hoekstra hat ynformaasje ta syn foldwaan dy’t ‘it beslút rjuchtfeardiget’. Dat hearde gerêststellend, nettsjinsteande dat er spitigernôch net yngean koe op de fraach hokfoar ynformaasje oft dat dan wie.

Is dy ferdomde ôfskaffing fan ‘e belesting fan dividint no geunstich foar it lân of net? Wat kostet it en wat smyt it op? Rutte beswarde de Keamer dat wy in foech België wurde as it net syn beslach kriget. Yn dat lân hawwe se bleat brouwer InBev noch as ynternasjonal, ‘de rest is útnaaid’. Is de teory fan it kabinet besteklik, dan sil InBev, mei it each op it Belgyske taryf fan 30 prosint, yn 2020 de grins by Wuustwezel oerstekke.

Ekonomen binne ornaris net mei-inoar yn ’t lyk oer it nut fan de maatregel. Neffens Amerikaansk ûndersyk nei de ferleging fan it taryf yn dat lân, yn 2003, fan 38 nei 15 prosint, wie it effekt net te mjitten. Mar aldergeloks foar Rutte die koartlyn bliken út ûndersyk fan de Universiteit fan Lund (Sweden), dat ‘ekonomyske groei raar de knoei wei kriget fan dividintbelesting’.

Is de oerheid in tsjinstferlienende ynstelling foar multinasjonals of moat it belang fan de boargers foarop? Binne de belangen fan dy beide tsjinstridich, of is stipe foar de ien ek stryk-yn-’t-laadsje foar de oar?

Hoekstra (yn ’t foarige by Shell) sei dat de bedriuwen ‘poer nofteren en klinysk nei it fiskale belied’ loere. Omtrint like nofteren en klinysk as de kalkulearjende boarger. Hoekstra syn (deryn troude) SP-nicht Renske Leijten: ‘Wólle wy sokke bedriuwen winliken wol, dy’t sa te wurk geane?’

Dat wie in prinsipiële fraach yn in debat dat tinget nei de fûneminten fan ‘e Nederlânske demokrasy. Wa is dêr winliken skepper en skriuwer? Wêr sit de macht? Kin it lytse Nederlân noch wol út tsjin opslûpene earmsterke jonges lykas Shell en Unilever?

Jesse Klaver tinkt fan net, dêrom syn adres.

Dit vind je misschien ook leuk...