Kill Bill II
De bedoeling wie goed, de oanpak net; it kin de master misse, sels by de PfdA. Mar, as wy alleman dêrfandinne dien jaan soene, soe de ein der fan wei wêze
William Moorlag mei lid bliuwe fan de Keamerfraksje fan de PfdA. Syn oanpak wie net sa’t it hearde neffens in partijkommisje, mar de bedoeling wie goed. Dêr rifferearre de kommisje mei oan it affearen oer it sosjale wurkplak Alescon, dêr’t direkteur Moorlag arbeidsbehinderen as wurknimmers oannaam troch in útstjoerburo (fout) om’t soks de iennichste proseduere wie en help har oan it wurk (goed).
Goeddwaan ûnder it biedwurd ‘it doel hilliget de middels’ hat syn útfallen, alsa by de PvdA. Dat it is trewes dat de kommisje no offisjeel fêstlein hat dat as immen in proseduereflater makket, soks noch gjin reden is en smyt him fuort oer board. Dêr soe gjin begjinnensein oan wêze en sachs ek partijoanfierder Asscher, vice-fraksjefoarsitter Dijksma en partijfoarsitter Vedelaar de kop kostje, om mar in pear haadfigueren te neamen. It affearen Moorlag is ien grutte sompe fan goederbêstens en proseduereflaters. Alteast, as men it op ’e kluten helpen fan de nei de lodde rûkende PfdA, en fier him tebek nei de bare sosjaaldemokratyske begjinsels, goedachtet en it konkelfoezjen dat dêr mei anneks is, net.
Juster stie in moai portret fan William ‘Bill’ Moorlag yn ’e krante. Wat der foar my útkipe, wie dat er nei de mavo earst oan it wurk gien wie as ‘byrider op in hekkeltrekker fan it wetterskip’. As ien it skopt fan byrider op in hekkeltrekker ta lid fan ’e Twadde Keamer, is er in prachteksimplaar fan de suvere sosjaaldemokrasy, in skoalfoarbyld fan it âlde ferheffingstinken. It leit yn ’e reden dat sa’n fan academici befolke fraksje immen as Bill mei taart en jûchhei ynhellet: einlings en te’n lêsten wer ris in wiere arbeidersjonge yn ’e rigen dy’t wit hoe’t der hekkele wurde moat.
Sa is dat sachs ek om en ta gien, oant bliken die dat Moorlag yn Assen wurke hie mei wat ynienen in ‘schijnconstructie’ hiet. It wie buorkundich – alsa by PfdA en fakbûn FNV – wat Moorlag en oare direkteuren fan sosjale wurkplakken diene en berin net al te folle skea fan de koartings op oerheidsstipe. Sadwaande wist ek Asscher der fan, want dy wie mei ferantwurdlik foar de koartings en hie Moorlag yn 2012 noch in fear yn ’e broek stutsen om reden fan syn foarbyldich ‘ûndernimmerskip’. Earst wie Asscher dêrom fan betinken, Moorlag koe gewoan sitten bliuwe. Neitiid fûn er, Moorlag moast de eare oan himsels hâlde. En no mei Moorlag wer sitten bliuwe fan Asscher. Fleksibelens is in trêft, mar de wearze soe my der dochs in knikje fan stekke, as ik yn Moorlag syn skuon stie.
Parlemintariërs fan de PfdA geane kwealk oan ‘gefoelens fan ûnwissens’, sa wolle ‘saakkundigen’ hawwe. Dat kin ik my skoan yntinke. Goederbêstens tige by tige, mar soks makket it knyft yn ’e rêch net earlik folle nofliker.
Moorlag mei foarearst oant de takomme ferkiezings ta yn ’e Keamer sitten bliuwe. Mar hij is no al ‘it yn ‘e bôlekoer rekke’ Keamerlid, dêr is gjin salve mear oan te striken. As men yn ‘e bôlekoer treaun is, is men likegoed yn ‘e bôlekoer rekke. It yn ‘e bôlekoer wêzen is gjin krûd foar woeksen.
De fraksje fan de PvdA hat op it heden njoggendeheal sit yn. It teheisterjende fermogen binnen de PfdA giet jin gewoanwei kâld troch de lea. Foarsitter Vedelaar – inkeld keazen by brek oan better – is it talint foar selsteknoeiïng foarearst wol mei garandearre sa’t it liket. Hja woe it wer ‘smûk en smout’ meitsje yn de PfdA, mar dat is noch net sa bot slagge. ‘We kunnen ons nu weer met grote energie richten op de uitdagingen waar Nederland voor staat’, sei Vedelaar nei it fûnis fan ’e kommisje. Oft dêr wat fan op ‘e hispel komt, ik haw dêr in swiere mûtse oer op.
Te lange titel. ’t Kin ‘e master misse, èk by de PfdA! – DfdM! 5x
Han’s foàr fuot’s, dêr hast him wer. Hat Sytze text neisjoen?
Akademisi of -ici, mei i en nèt mei y. Nèt omt ik tsjin y’s bin.
¥-grec ig gek, sandhi if Friesk. Leävver havve mei vv âs ₩₩.
… ien âs Bill mei taart en jûchhei iinhellet. Mei û en 2 r’s hh.
Wurkpleatsen binne boerespullen, dân hjirre wörkplacken?
Loadewiik Asscher iin 2e iinstânsje, is all Asscher neamd!
Joadske Jiskepûtser of ’n Aesger, asega, essayeur, easker.
Ik bin wier nèt ânti, mar oe sa pro-IsraELLE – en pro-Assad.
Buchsem ig gjin Latiin! ’n Knikje fon stecke, ’n knietje dân?
PfdA-ers ‘geane kwealk’? – oan opkroppe fielen fon twivel?
Up ‘e sprake brocht of kommen of wêzen – hat 8+ iin ‘e Kr?
Iin ‘opspraak’, op ’t aljemint, te praat, iin ophef, iin ‘e media.
Iin ‘e groep, iin ’t putear, dispuut, diskusje, fermidden, itnijs.
Garândearre, (comma) sa’t (it) liket. – Fiddler on the Roof?
Anatevka. Fool on the Hill. Folie à deux. Kill Bill. Vedelaar.
’t Friesk sjoch ik de hân en holle fon Hiemstra iin, Slager?
Mar ik foen net werom, what Ik dit yier hjirre skreon hav?
Akkoart fon Wassenaar 1982. Gâstarbaid is Slavernij, nij.
Slavedriowers up ‘e Mediterranee. Uus Marine en Mafia?
NiNsee.nl Lofts ta extreem-rioghts hiten. Rioght corrupt.
Abortus.- Feministen gean oer liken fon liitse bern – iin ’t
Memmeliif, ta Untermensch forclearre. Wii frauliu easkje.
Tige by tige wer, Douwe!
Sytze hat my okkerlêsten in digitale ferzje fan it Frysk hânwurdboek trochdien, dat is wier. Doelst dêr op, mei ‘de hân en holle fan Hiemstra’? ‘Hâns foar foets’ koe dêr bêst weikommen wêze, ja; is net myn taaleigen, nee.
Meartalsfoarms op -isy komme dêr ek wei, leau ik. Okkerdeis ferteldest my al dat ik eat oars skriuwe moast, want ‘dat is Latynsk’. As ik yn ‘e bernskens kom en net mear wit wat út it Latynsk of wat út it Gryksk komt, jou ik dy efkes in grant. Okee? Boppedat fyn ik soks net it sterkste argumint om in wurd (foar de helte al en foar de helte net?) oars te staverjen; dan soene alle Jeropeeske talen werom op ‘e helling kinne.
Tank foar it idee foar de titel! Sels haw ik ek in assobrein, dat ik hie dêr sels op komme moatten. Ik ken de film net, mar ik hie wol fan de titel heard.
‘Kwealk gean oan’ is by my ‘oanhelle wêze mei’. Kin dat net neffens dy?
Ja, trijeris ‘op ‘e sprake’ haw ik dien foar it fersterkjend effekt. De Hollânske tekst fariearre Bert ek yn (sa’sto it leafst sjuchst sa’t skynt), mar dat fûn ik minder.
Wat betsjut ‘8+ iin ‘e Kr?’?
Corrector Magnificus liket hjir iinpleats Siitze en net Ik.
Hâns en oaren come dêre way. Binne nèt dyn taaleine.
Foàrmen up -isy come d’r way, liowst. Dât -ici is Latiin.
Dât is Latiinsk, sayt ’n amateur. Alzhiemer ouwachtsje.
Der ig gjin taalkundige reden om it mei -sy te skriowen.
’t Giét om staverjen, nèt om taal – praten, net skriowen.
Kill Bill I & II Q.Tarentino, hav Ik 10 ‘ier li’en bûten sjoen.
Kwealik kin kreupel, mank betsiutte, iinvalide liikâs mi.
Leävver ‘iin bespreck’. Dât: nèt ‘onbesproken’. Dauwe?
Comma, sa’t (it) skiint. “8 + heal” is ’n italjaanske titel!
iin ‘e 2e Keamer âs ledetall. – Frieslawn & Frieske Tale.
Skriowst PfdA mei fd, âst autonoom beast mei distânsje-virus.
Salang’t it wurd machtiger is as it swurd, falt it wol wat ta mei prefesters beheindens. Mar helpst my geweldich, hear. Spitigernôch kin dizze amateur net altyd alles neikomme, wy binne net gelikens bejeftige.
En ik mar miene dat prefester en corrector magnificus stalkes wiene. Hoe kom ik dêr dan by? [= retoaryske frage, hear]
Heeghlearde hear perfester Slachter mei weorden skerper âs sweorden.
Âst it up ‘e kluten helpen fon ’n nei de lodde rûkende PfdA. Poer poétisk.
Hoe beheind kinst wêze en riip foàr ’n wörkplack foàr behindere Drinten.
Kinst woll PvdA ferfange. Kinst woll fertelle ott ‘knikje stecke’ siilterm is.
Upstalkboom Hâns en Foetsie
Dat seine wy earen al, ja, ‘mei in knik yn ‘e skoat sile’. Te ferlykjen tink mei ‘mei de sloppe leie menne’.
Hast winliken ek wol gelyk, dat ‘akademisy’ like nei fleanen.
Oe sa bliid mei “PfdA” en “académici”.
Hiinstemenne, L. mannus, âs jonges!
Ik lit de jaachline no mar what hingje.
Jaap Slager, dyn miening is net hillich, der binne genoch dy’t it oars sizze.