Kânselkultuer

In pear jier ferlyn hearde ik Maria dy’t yn ’e tún dwaande wie, entûsjast petearjen mei guon lju.

‘Dat binne grif de nije buorlju,’ ornearre ik, want doarpsidioat João hie ús ferteld dat it hûs dat fierderop te keap stie, ferkocht wie oan Frânsen. Of oan Dútsers – dêr woed er ôf wêze.
Om’t ik wit dat ik yn it earste oankommen wakker steech en stjoer bin, woe ik my no ris fan myn miensume kant sjen litte. Ommers, jins neiste buorman is jins sibste freon (as it keal yn ’e groppe leit). Dat ik nei bûten ta.
Ik foel fuort yn ’e sêfte earms fan twa wolkens fan frommiskes – ien sa swart as git en de oar sa wyt as sk… uh, sûpe.
Doe’t ik lang om let úttute wie, waard ik op it skouder tikke. Oe heden, in keardel. Dy hie ik noch net sjoen. Wol dy ek in tút? Dizze jonge wie opslach wer syn stege sels — ik beheinde my ta fûstkjen. Fûn er neat net slim. Hy wie ien en al freonlikens en wy rekken yn petear.
Neat gjin Frânsk of Dútsk. Ingelsk. Hja kamen út Tanzania. Doe’t ik him fertelde wêr’t ik weikaam, seid er dat er dêr wol witten fan hie, fan it lân fan kening Midas.
Ik wie slop: ‘Frisia, ju – net Frygje. In skyteintsje fan neat mear diskant de Bosporus!’
In skoftke letter sloech God ynienen de bek deryn. Of better sein, de man brocht Him op ’e lappen. Oe heden, neat gjin nije buorlju – Jehova’s Tsjûgen!

Ik moast oan dit foarfal tebektinke, doe’t ik sneintemoarn de lêste hân lei oan in oersetting fan in Dútsk boek oer Jehova’s Tsjûgen.
Wol nijsgjirrich, tocht ik in wike of wat ferlyn doe’t ik deroer gear soe, want ik hie der net in koarel witten fan om earlik te wêzen. Nijsgjirrich yn dy sin dat ik der no in protte mear oer wit, mar… it gong my in bytsje sa’t it my mei in soad ellinde yn ’e wrâld giet: Dêr haw ik bytiden leaver gjin weet fan.

Want as men witten fan ellinde hat, dan fielt men jin der fuort in bytsje ferantwurdlik foar, is ’t net sa?

Ien grutte famylje, hear, dy Jehova’s Tsjûgen, mar wol in famylje dy’t wittens en mienens syn harsens net brûkt. It brein is inkeld in spûns foar it opsûgjen fan wat harren foarkôge wurdt. Dat fine hja net slim, want se witte dat har leauwe(!) de wierheid is. Dat is fansels in contradictio in terminis, mar dat falt allinnich te beriddenearjen as men jin de harsens brûkt. En dat is yn dat fermidden ferbean, leau ik.

Sneintemiddei stapte de paus (papa yn Portugal) op it fleantúch nei Rome. It waard him te hjit yn Portugal, tink, nei in wike Jornada de Juventude, in gearkomste fan katolike jongerein.
Ho, Hillige Heite, kaam my ynienen yn it sin, wat is winliken it ferskeel mei it leauwe fan Jehova’s? Hâldt de katolyke tsjerke net alsa út dat er de wierheid allinne hat – it wiere leauwe? Is dy organisaasje net like hierargysk?
Jûn wie tafallich op it nijs dat der in nije Patriarca de Lisboa beneamd is. Wa beneamt sa’n patriarch? frege ik my ôf. Syn foargonger? Syn ‘irmâos na fé’ (= bruorren yn it leauwe – sa’t de Jehova’s Tsjûgen inoar ek allegear neame)? It regear?
Ik krige fuort it antwurd: de Hillige Heit sels.
Ja, hear, de paus! Ik hie it sels betinke kinnen.

Is de frou dêr ek net deropta en hawwe de manlju alle funksjes yn? Binne dy katolike lju ek net fan eksklúzje, mei kettergerjuchten en witwat allegearre as hichtepunt (cancel culture avant la lettre), lykas net-Tsjûgen sa’t it hjit de ein fan ’e wrâld net oerlibje sille? (Wa oerlibbet dy wol?)

Wol de katolike tsjerke alle foarmen fan misbrûk leafst ek net yn ’e jamkste fâlde belizze, it foechhawwend gesach oersljuchtsje en it yn eigen fermidden oplosse?
Wolle hja harren ideeën út it jier nul ek net – bûge of barste – hanthavenje?


In foarútstribjend persoan is hjoed de dei binnen tweintich, fiifentweintich jier in behâldsman sûnder ien inkeld idee te feroarjen. Hoefier is men dan yn ’e goedichheid efterbleaun nei tachtich, hûndert kear safolle jierren? Stilstân is tebekgong. Dochs?

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. augustus 11, 2023

    […] L6es fierder by Jaap Slager […]