‘k Wou dat je hier was
Eale Sytze,
Fantastyske moai om te hearren dat Sytze it sa’n treflike oersetting fynt, myn oersetting fan ien fan Nuno Morais syn novelles. Ik fûn it al in grutte ear dat de skriuwer de flagge withoeheech waaie liet fan myn behearsking fan it Portegeesk; dat ik krij der no suver in kleur fan, dat Sytze myn behearsking fan it Hollânsk sa priizget. En dat Sytze it spannend fûn, dat sil ik mei de waarme hân oerbringe oan de skriuwer sels.
Sytze is de earste dy’t myn oersetting lêzen hat. En dat dat „mei grutte niget“ west hat, is in moai stik bûter yn ’e brij.
„Ik soe soks ek wol yn it Frysk hawwe wolle”? Tsja, Sytze, dêr sitte wat ditten en datten oan, haw ik noed.
Ik sei lêstendeis yn in stikje al, dat ik skriuw — en dus ek oerset — om’t ik stomme graach witte wol hoe’t it fierder giet. Ik haw fan hearren en sizzen dat skriuwers as it goed sil(!) in plan útwurkje moatte foar’t se útein sette. Soks griist my oan. As ik foartiid wit hoe’t it fierder giet, is by my de lampe al út, as Sytze begrypt wat ik bedoel. Fan ’e wike bygelyks soe ik fan ’e streek mei in lange litany tsjin it âlder wurden mei de titel Hingje my dan mar op. Mar, ik hie it maleur dat de earste rigel rime. En doe waard it ynienen in koart ferske mei de titel Negatyf. Begrypste?
Twads wit Sytze likegoed as ik dat der gjin drûch brea te fertsjinjen falt mei it Frysk. Ik moat it hawwe fan it Hollânsk. Ik mei fan myn wyfke wol wat tiid ferpypkje en weigrieme mei myn stikjes dêr’t net ien op sit te wachtsjen; hja wit bliksemse goed dat ek by my it bloed krûpt dêr’t it net komme kin. Mar as ik noch mear tiid ferpankoekje soe — tiid dy’t ik ek yn ’e fertsjinst wêze kin, of besteegje oan putsjes yn en om ’e hûs — dan is de boat oan, haw ik noed.
Hin?
Ja, ik wit dat ik sabeare de iennichste man bin dy’t thús neat te kedizen hat, mar dizze jonge sit der mar moai mei oanklaud, no.
Dan de punktewaasje …
Sytze komt my oer it mad mei in stikmannich kopyen fan siden út Renkema (Schrijfwijzer 2020, 6de edysje). Tige tank! Ik sil dêr mei niget yn omsneupe.
Ik sil lykwols ferfêst besykje koart útinoar te setten by hokker regel ik my bêst fiel …
It foel my langer — benammen by moderne skriuwers as stalke Bert Wagendorp — op dat skrapkes as it heal kin(!) weilitten wurde, út reden fan estetyk. Ik kin sokke mannen wol neikomme dat in triemke fan trije lêstekens — bygelyks ?“, of !”, — harren hielendal in griis is. De fêste regel yn sokke gefallen is: it skrapke mei wol, mar it hoecht net.
Wat it plak fan it skrapke yn ’e direkte rede oanbelanget …
De haadregel is dat it binnen(!) de oanheltekens komt as de sin nei de ûnderbrekking (bygelyks zei hij) trochrint, op betingst dat it skrapke ek skreaun wurde soe sûnder(!) de ûnderbrekking.
Hin? Oft dut allegearre yn in boekje stiet?
Dat wit ik net. Mar sels in autoriteit as De Dikke Van Dale rint wolris efter de feiten oan as it om in libben meganisme as taal giet, no. Ja, dat sil Sytze wol in bytsje nuver oankomme út ’e mûle fan immen dy’t gauris âldfrinzigens op ’e lea plakt kriget as it om libben Frysk giet, mar Sytze moat ek in bytsje sjen nei wa oft soks roppe.
O ja, de trije puntsjes! En dat dy los skreaun wurde moatte fan it foargeande wurd …
Ik miende wier dat dat in idiolektyske eigenaardichheid wie fan ús Dauwe. Mar no’t Sytze dêr ek oer falt, sil ik dêr tenei om tinke. It is lykwols net in reden foar my om mei de kop op oranje op te skiljen en te balten: “Stop de persen!”
Likefolle, tige tank foar de op- en oanmerkings!
Mei freonlike
groetnis,
Jaap
It wie my neat ’tefolle” … NDF
Ik sil Sytze syn suggestje oer in Fryske ferzje likewol by Nuno Morais nei foaren bringe 🙂