‘k Wol werom nei de earms fan ús mem

It libben is in oanienskeakeling fan desyllúzjes.
No haw ik altyd wol it idee hân, hear, dat men, as it derop oankomt, folslein allinnich is.
Hin?
Ja, ik hie ek leaver hân dat dy skilen my op it alderbalderlêste stuit pas fan ‘e eagen fallen wiene, lykas by de measten, mar, toe mar … ik sit dêr dus fan memmeskurte oan al mei oanklaud. ‘It is by Jaap in út ‘e kluten sketten gefoel fan iensumens,’ sei immen, dy’t dêr doel oer hiet te hawwen, eartiids tsjin ús heit.

At dy diagnoaze ienkear steld is, sa kin men mar it bêste yn Fryslân wenjen bliuwe, leau ik. Us heit skeat ek alle klapsketen yn in depresje doe’t wy mear as sechstich jier lyn om utens ferfearn wiene: ‘Wêrom binne de minsken hjir sa? Te uzes koe men teminsten fan inoar op oan!’

Ja, hâld mar op! Ik wit it … ik mei dat net sizze.
Lêstendeis wie der ek al wer ien dy’t my in snútbokken joech, om’t ik earne skreaun hie oer ‘ferdraachsumens, dy’t Friezen leau ik natuereigen is.’ Mocht net. Soks wie ‘diskriminaasje’ neffens him. Diskriminaasje fan wa stie der net by. Mar ik moat earlik tajaan dat ik gjin tiid fergriem oan krityk dy’t, sa op it each ôf, igge noch seame roait. Faaks hied er gelyk, hear, en mei men de wearden dy’t men út jins eigen fermidden meikrige hat, net ekstrapolearje.

Doe’t ik foar in jier as tweintich foar it earst yn Lissabon kaam, lies ik op in muorre ‘Queremos dinheiro, não trabalho’ – Wy wolle jild, gjin wurk. Ik wie slop: Jahaha, wa wol dat net?
Mar ik haw yn dy tweintich jier wol foar de fernullen krige dat it gjin gekheid wie … It wie út earnst!
Ik kin withoefolle eksimpels jaan, hear, mar dan sit ik hjir moarn noch. Dat ik hâld it by ien …

Ik brocht de auto yn desimber by de garaazje – in baas bedriuw boppe op in heuvel yn Mértola. Ik hie yn it foar kontakt opnommen, hear. Ik hie sein dat ús Volvo foar 3 jannewaris keurd wurde moast en dat it my de baas like dat se him syn lytse beurt, dêr’t er oan ta wie, efkes jaan moasten, him efkes neisjen en him dan keure litte. Wannear oft dat har útkaam?
No, de trettjinde hiene se it wol oan tiid.
Samar klear! Sa docht men saken, tocht my noch.

Ja, efternei besjoen hie ik fansels sizze moatten dat se him earst keure litte moasten en dan pas de mooglike brekken ferhelpe, dy’t by de ynspeksje konstateard wurde soene. Want oars rint men it risiko dat se by dat ‘efkes neisjen’ lytsichheden oanpakke dy’t út noch yn net krityk binne.
Mar ja, nettsjinsteande myn ûnderfinings gean ik der sa’t skynt noch hieltyd fanút dat minsken eare ynlizze mei har wurk en de klant respektearje.

Hawar, it giet my derom dat ik yn in de safolste depresje skeat, doe’t ik juster it berjucht krige, dat ‘Klear, hear, wy hawwe him hjoed keure litten. Alles yn oarder, allinnich … de skokbrekkers … Nee, sit mar net yn noed … wy hawwe in moanne om dat te ferhelpen.’

Fiel ik my sa beroerd, om’t se my aansens de kont oer de earen helje?

No, nee. Ik haw my al withoelang fermoedsoend mei de noasje dat se in klant – hielendal in bûtenlanner – as in molksek beskôgje en my skielk wyt en swart betelje litte.
Nee, it giet djipper. Ik fiel my iensum. Men is oerlevere. Wy sitte fiifentweintich kilometer by de earstfolgjende winkels wei. Ik hie it idee dat wy foar krysttiid wer te boadskipjen koene, doe’t se tsjin my seine dat it alles mei alles heechút in pear dagen duorje soe. No moatte wy alle klapsketen in taksy komme litte.
En nee, it helpt beslist net as jimme tsjin my sizze: Do hiest dit of dat dwaan moatten! Sok sizzen bringt my fan de finne yn ‘e jister.

Dit vind je misschien ook leuk...