‘k Woe datst hjir wieste
Moin,
Witst wat it is mei dy stikjes yn it Portegeesk of Ingelsk, Sytze?
It skriuwen jout in soad ferdivedaasje, hear, mar … men kriget fierstente folle lêzers.
Dat liket op it each ôf net sa slim, mar der giet foar jin safolle ûnpost mei mank. En dêr haw ik it mier oan, sjuch. Of soe ik dy fearnsmiljard Brazyljanen bygefal ek op ’e lepels hawwe?
Frysk kin men teminsten krankyl by fan útgean, dat net ien it lêze sil/kin. Alteast, net dat makket. En dy’t it al kin hâldt him diakens. Moai rêstich!
Allinnich Friezen om utens hawwe noch wat mei it Frysk, wol my oan. Der wurdt om utens sa’t liket mear (en gever) praat en skreaun as yn it heitelân sels. Men kriget earst langst nei eat, as men it misse moat, no.
Oars sein, it berou komt nei de sûnde. Likewol, better let as net 😊
Sytze is dat fansels in bytsje oars by. Sytze is jit net om utens, nee. Mar Sytze beliket de profeet dy´t de foartsjirmerij fan ’e tiden fan talige drûchtme op ’en fynsten oanfielt en de begangel fan ús memmetaal al sjoen hat. Sytze moat him bytiden mear om utens fiele as lju om utens 😉 – in roppende yn ’e woastyn.
Haw ik gelyk of haw ik gelyk?
Of moat ik bygefal de gevens fan it talige bynt net ôflêze oan ’e uterings op Fryske sosjale media? Faaks is it allegearre feeknjûs en besjuch ik de saak tefolle troch in pijlekkenske fierker?
Mar goed, ta de saak …
Dut wie de reaksje fan Nuno Morais, doe’t ik him te witten die dat Sytze myn Hollânske oersetting fan syn Portegeeske novelle graach ek yn it Frysk hawwe woe:
“… for the pleasure of having one of my books accessible to readers in yet another language, yes, I am interested, even if, from your description, revenue for both author and translator on an eventual Frisian edition, considering the reduced number of possible readers, would probably not reach off-shore bank account levels… 😁”
Dat lêste is in knypeach nei in eardere opmerking fan my (dat ik in ‘off-shore’ rekken iepenje soe), doe’t er my te witten die dat myn Hollânske oersetting nei de boekprinter wie en de elektroanyske ferzje al op it webstee fan Barnes & Noble stie — wat in nij rekord is, skriuwt er, want soks duorret yn ‘e regel 4 à 6 wike.
Dêrom net, ornaris kommunisearje wy yn it Portegeesk. Mar as ik wat gleonhastich bin, skriuw ik yn it Ingelsk. En it is lear om lear by Nuno. Dêrfandinne dat er no yn it Ingelsk anderet.
It probleem is inkeld, skriuwt er noch, dat syn útjouwer nea heard hat fan de fertiigjende suster fan wrâldtaal Ingelsk. Nuno hat der dêrom wol earen nei en besteuterje it bûten dy útjouwer om, mar hy hat der op gjin parten of dielen nei beroai oer hoe’t soks op priemmen set wurde moat.
Wat in Unnoazelsma, net! De siel wit sa’t it liket likefolle as ik 😊
NDF
Jaap
Moaiendey, mei-‘n-oàrren. Goeie!
Good morn, to thee. Goodday!
Ûnpost, ’t miër, lepel-leppel, fer-divergearje, -gaasje.
Krankiil, -kile, alteast-toos-thans, diaken’s .
Foàrtsjirmerij fon ‘e begangel, gongelstok.
Healwiis geef! Friesk ig gjin fergee’s Friesk. Geve, fergeze.
Claas Fäke News throagh ’n pij-lecken’se fiérker? Ha-bijt!
Is it som’s, faak’s Sa-beare-lawn (Niinke L.) Neys? Pei-keamer.
De Fiérrekiker. Telescoop. TV. Doel, goal!
D’t (!) wie-r de réaksje (!) fon Nino Marais. Bank-reckon o’er see.
De fertiigjende, -tôgjende, -tsjende susTer fon ôld-Ingelsk.
De (p)siel(e) wit, comma, sa’t it liket, /… N.D.F.
‘k would, dâtst hiérre’ wierst.
Ûnpâst, impost? Op ‘e lapellen, revèrs, läbels?
Tranquile, trankile. Ge-mier, de mieren, Miër?
Klaas Vaak, Nino & Niinke Nijntje kniintsjeday.
Tine, Triintsje, KaTrinus, Catherina uut Egypte.
Griiksk pa-thein, pesjint. Leie-n & liede-n, lijen.
Psilocybine silige, liitse kealkopkes, psycholog.