Jurassysk kamp Fryslân
Dinosaurussen wiene grut foar har ferstân. Soe dat de reden west hawwe dat se útstoarn binne? Wat dat oanbelanget haw ik bytiden noed dat Friezen – de grutste minsklike wêzens, sa’t it hjit – in gelikens lot beskern is. De útstoarne reptilen koene net mei-inoar, want hja fielden har grutternôch en fyn har eigen paad. No, dat ha wy sjoen. Guon Friezen fiele har ek te grut om mei-inoar, want … ‘wy binne frije Friezen op it lêst’. Krekt oft Friezen harsels op de skeppe hân hawwe. It wiene de Romeinen, hear, dy’t ús dy namme jûn hawwe. No is it sachs sa dat hja ús Frisii neamden om’t wy sa’n ûngeregeld soadsje wiene, dêre boppe de grutte rivieren, en dat de modern Ingelsk-Fryske wurden frij en free etimologysk op dat wurd tebek te fieren binne – dêr wol ik ôf wêze. Mar it is beslist net sa dat wy foartiid al Friezen wiene.
De kearside fan dy heechholden frijens is dat wy inoar leaver de harsens ynslaan as besykje it mei-inoar lyk te finen. Dêrom leau ik net dat it ea wat wurde sil mei de ‘striid foar it behâld fan de Fryske taal’, want it liket de – dikmels selsferklearre – ‘striders’ meast mear om strideraasje te dwaan as om in mienskiplike doelstelling.
Ik bring bygelyks nei foaren dat wy it Frânsk en it Flaamsk Belgyske talen neame kinne, en Italjaansk en Dútsk Switserske, as wy mar foar it ferstân hâlde dat de eigenskipswurden Switsersk en Belgysk hjir in poer geografyske betsjutting hawwe. Sa soene wy teffens it Frysk in Nederlânske taal neame kinne, in taal dy’t sprutsen wurdt yn De Nederlannen – of yn De Lege Lannen at dat dúdliker is – as wy ek hjir wer foar it snotsje hâlde dat Nederlânsk in poer geografyske betsjutting hat. Mar it Nederlânsk as taal bestiet net! Dêrom soene wy, stel ik út, ris ophâlde kinne en neam it Hollânsk Nederlânsk. Jawis, it wie in snoade set fan dy Hollanners – l’état c’est moi, netwier? Mar it wie faaks in misse set fan ús, ‘frije Friezen’, om dêr sa froed as Bijke yn mei te gean.
Men soe – as ik soks op it aljemint bring – fan tinken wol ha kinne dat de Hollanners manmachtich oer my hinne falle soene.
Mis!
It binne ‘striders’!
Jaap moat net sa raar dwaan! Jaap wit hiel goed dat der miljoenen Nederlanners binne dy’t it Hollânsk Nederlânsk neame.
Us mem soe op sokke stuiten sein hawwe: ‘As in oar yn ‘e feart springt, springsto him dan efternei?’ Dat ik sil – om ús mem – net sa flau wêze om te sizzen dat der bûten De Lege Lannen noch folle mear miljoenen binne dy’t it Hollânsk Hollânsk neame. Nee, ik freegje: Man of mûs? Frije Fries of lemming?
Kaam der noch ien ‘van Duytschen bloet’ oanskiten dy’t my de etimology fan Dutch ferdútse woe. Moai, net? Ja, want Jaap is grif fan hjoed en juster.
Hawar, it regear wol de hartekampen romje, dat … hjoed of moarn sil Jurassysk kamp Fryslân ek wol oan bar komme.
1 reactie
[…] Lês fierder by Jaap Slager […]