Jouke woe stomme graach in gruttere … brul
Auke en Jouke sitte yn in boatsje op de Tsjûkemar te fiskjen, yn ´e smoutte fan in reidkraach.
It wol net bite. Auke risselwearret nei in healoere en nim in heak dy´t in slach lytser is. Hy sit in skoftke wakker steksjuggerich te pielen, mar it slagget him net.
“Hie ik no de lêsbrul mar by my!” suchtet er op it lêst.
Jouke docht in taast yn syn fiskersarkbak en hellet in baas brul foar it ljocht, dy´t er Auke oerlanget.
“Krimmenikes en gjin ein,” baltet Auke alhiel ferbouwerearre, “dat is nochris in grutte brul! Wêr hasto dy sa gau wei?”
“O, dy haw ik ris fan myn dzjinny krige!”
“Fan dyn watte?”
“Myn dzjinny,” anderet Jouke, “sa´n lyts tsjoenderke dat oan al jins begearen foldocht! Dy nim ik altyd oeral mei hinne — foar it gefal dat, sjuch.”
“No moatst ophâlde! Mei ik him ris sjen?”
Jouke docht op ´en nij in taast yn syn fiskersarkbak en hellet in kabouterke tefoarskyn, dat wakker nij by Auke opsjucht.
“Ik bin in goefreon fan jo master”, flaait Auke as in fisker. “Dat jo wolle grif foar my ek wol in fûl begear befredigje.”
De strobbe sjucht Auke ris op en del oan en seit guodlik: “No, dêr moat dan mar in set fan wêze. Wat wo´ jo ha?”
“Jou my mar in miljoen,” is Auke samar út ´e rie, “in miljoen pegels!”
“Dat is goed”, seit it mantsje en bûkelet tebek syn wen- en sliepplak yn.
Auke wachtet mei it geduld fan in angelfisker. En krekt as er it swurk driuwen sjucht en fan betinken is dat er nei syn miljoen fluitsje kin, driuwkje der withoefolle plestik foarwerpen om ´e reidkraach hinne harren eachberik binnen. It is ien plestik en allegearre plestik — it is ynienen allenduvels… ja, wat winliken?
Auke kriget ien sa´n gefaltsje by de kont, lûkt it út it wetter en hâldt it oerein boppe it board. De fangst belytset him.
“It binne kegels”, fielt er him yn it boat nommen.
“Oe-heden, haw ik dat bygefal fergetten te sizzen?” freget Jouke. “It mantsje is slim staf.”
“Woesto sizze dat er my net goed ferstien hat!?” stoot Auke op.
“Krankyl, jonge! Net allinnich dy net, hear! Of tochsto feitwier, dat ik him doedytiids frege hie om in gruttere brul?”
Recente reacties