Jonasse of jonast wurde

In Portugeeske kommentator fan Eurosport fûn dat Vingegaard juster net kollegiaal wie njonken Roglic troch op de lêste klim út te naaien.

Dat fûn ik wat in nuver sizzen.
As in team sa manmachtich fertsjintwurdige is yn ‘e kopgroep — en boppedat ien, twa en trije stiet yn it algemien klassemint — dan fynt dizze jonge it net sa raar dat de mannen om bar besykje om fuort te kommen op de slotklim. Dêr sil Roglic net mei sitte kinne, wol my oan, om’t it op dat stuit de deiwinst is dy’t telt. Wurdt Vingegaard weromhelle fan in konkurrint, dan besiket Roglic it. Wurdt dy weromhelle, dan giet Kuss. Knappe konkurrinsje dy’t dat ginne kin!

Hjoed sei Kuss, dy’t 29 waard, tsjin Roglic: ‘Besykest do it mar!’
Dat die Roglic. Vingegaard koe folgje, mar wie sa kollegiaal om fierders net oan te kringen.

Dit vind je misschien ook leuk...