Jomp oan board
Oarrekant de see, dêr is ús libben fet
Jild by ’t soad, wurk ha wy dêr … noch nea fan heard
Teuntsje en deuntsje is ús spul fan al den dei
Ja, erflik is ’t feest … yn Amsterdam
Nearne in baas dy’t fiteret en sels neat docht
Inkeld frett’ en sûpe, want alles is … dêr om ’e nocht*
De ko skyt bûter en de moanne is in skieppetsiis
Want honger yn ‘e hals is ús in grouwel en in grutte griis
Jomp oan board, kom no mar mei
Wy sille nei in oarde dêr’t jit net ien foar Pampus lei
Jomp oan board, kom no mar mei
Wy sille nei ’t plak ta dêr’t jit net ien foar Pampus lei
Oarrekant de see, dêr is alle man ‘mynhear’
Bidlers en sok reau ha wy dêr beslist net mear
En nimmen komt in oar mei opset sin noch op it sear
Alle minsken libje der as bruorren
Jomp oan board, kom no mar mei
Wy sille nei in oarde dêr’t jit net ien foar Pampus lei
Jomp oan board, kom no mar mei
Wy sille nei ’t plak ta dêr’t jit nea ien foar Pampus lei
* Myn orizjinele tekst, dy’t ik ris op in sneontemoarn skreaun haw, hie ik yn fan …
Net ien in baas, want elkenien dy hat it rom,
Inkeld frett’ en sûpe, en fan en ta ris op ‘e prom …
Mar ja, dêr kin men net mei foar de hearen komme, no? Alteast, net foar de fine!
It is in tekst op it Amerikaanske nûmer Sail away fan Randy Newman en giet sa …
In America you get food to eat
Won’t have to run through the jungle
And scuff up your feet
You just sing about Jesus and drink wine all day
It’s great to be an American
Ain’t no lion or tiger, ain’t no mamba snake
Just the sweet watermelon and the buckwheat cake
Ev’rybody is as happy as a man can be
Climb aboard, little wog, sail away with me
Sail away, sail away
We will cross the mighty ocean into Charleston Bay
Sail away, sail away
We will cross the mighty ocean into Charleston Bay
In America every man is free
To take care of his home and his family
You’ll be as happy as a monkey in a monkey tree
You’re all gonna be an American
Sail away, sail away
We will cross the mighty ocean into Charleston Bay
Sail away, sail away
We will cross the mighty ocean into Charleston Bay
Recente reacties