Joadehaat: oerurven of oanwurven?

Net ien woe it yn it earstoan leauwe, doe’t der op 7 oktober gewach makke waard oer Palestynsk mishâlden en misdragen yn Israel.

Earst bewizen, blinder! Bylden!

Doe’t dy der kamen, stiltme.

Mar doe’t der okkerdeis in sikehûs yn de stêd Gaza bombardearre wie, waard der op stel en sprong moard en brân roppen, noch foardat de bylden de wrâld oer gien wiene, lit stean dat der bewiis foar wie dat de Joaden dat op har gewisse hiene.

Wat is dat dochs? Dat it ús net oan wol dat gewoane minsken by steat binne ta ûnfoarstelbere bisteftichhiden dêr’t ús it ferstân by stilstiet, mar Joaden… och ja, dat hiene wy altyd al tocht.
Is dat oanberne antysemitisme? It is slim foar te stellen dat haat al foar de berte ynskepen is. Mar wat dan? Is it ús oanleard? En ha wy it sùnder erch ynternalisearre? Of is frjemdlingehaat de minske dochs natuereigen?

Der is neffens my net ien folk dat troch de iuwen hinne sa oer de wrâld ferspraat is as it Joadske…
Hin?
Neandertalers? Ja, mar dy wurde oant hjoed-de-dei ta oeral as gelikensen akseptearre en hawwe meast de gaadlikste baantsjes yn.
Joadske famyljes lykwols waarden troch de tiden hinne hast oeral skoudere en op ‘e rêch oansjoen… at se gelok hiene en it net útrûn op moard en brân. Want Joaden mocht men ûnbestraft fan kant helpe. Neam it ynkwisysje of pogrom, mar it massaal lynchen fan Joadske bern, froulju en manlju is fan alle tiden.

Hja hiene meast gjin kwea yn it sin, wol my oan. En it mei fjoer en swurd fersprieden fan it Joadske leauwe wie wol harren lêste ferkiezing. Kom dêr by oare leauwen mar ris om, bygelyks it kristlike. Nee, hja woene allinne in plakje ûnder de sinne.

Mar sa’t skynt wurdt men hjoed-de-dei allinnich yn jins wêzen litten as men in gurdle mei eksplosiven om ‘e lea hat.

Wat is dat dochs? Hawwe wy neat leard? Hâlde wy djip yn ús siel temûk fêst oan it leauwe yn Uebermenschen en Untermenschen?

Noch gjin tachtich jier lyn holden wy út: ‘Nee, dat dogge de Dútsers net, sokke ûntinkbere bisteftichhiden. Bewizen! Bylden!’

En doe’t dy kamen, stiltme… mei op syn heechst in sêft lústere ‘Wir haben es nicht gewusst.’

Fraachje: Hiene wy doedestiids ek op slach en stuit de bek yn beide hannen hân en moard en brân roppen, as it oarsom west hie?

Dit vind je misschien ook leuk...