Jild!

  • IMG_1259

Yn Portugal sizze wy: Dá tempo ao tempo! (= Jou tiid de tiid!) Dêr wolle wy mei sizze: It komt wol wer goed!
Dy hâlding sit wat fan fatalisme yn, fûn ik altiten. Men kin ommers withoefolle skea berinne foar’t it wer goed komt. Jin oerjaan oan o fado (= it lot) is wat in relikt út it tiidrek doe’t it Ibearysk skiereilân ta it moarske kalifaat hearde. De profeet fan ‘e moaren sei: ‘It hat net folle doel en jei jins lot nei, want it lot rydt jin wol nei.’ Mei oare wurden, God hat it allegear al ynset, ju!
Wêr’t Er yn it iene leauwe alles op ‘e kapstok fan de frije wil hinget, naait Er it yn it oare oer de latte fan in fêststeand lot: ‘Jonges, wat sill’ jim no yn ‘e fredesnamme allegearre beävesearje? Jou it tiid! It giet no even net goed, mar aansens is it wer floed!’

En dêr hat Er wol gelyk oan, dy âld Moar, want aksje is reaksje. Dy kalme, pulsearjende pindelbeweging sjugge wy yndie oeral yn werom, yn ‘e natuer likegoed as yn ‘e kultuer.
Sjuch bygelyks nei de polityk…
Is der in beweging nei lofts of nei rjuchts, dan komt dêr fansels wer in klap op. As it beweech nei ien kant tige grut is, dan swypket it mei ferrin fan tiid hast like fier de oare kant oer. En… altyd troch de midden — it mulpunt.

Nim Ruslân!
(Jawis kin ik kin wol in foarbyld tichter by hûs sykje, mar dan binne guon lju dy’t troch de pindelbeweging — neam it polarisearring om mij! — krekt oan ‘e oare ein sitte, daliks… uh, op ien ein. Fierwei it rûchste part, dat net it selsbetrouwen hat en syl op eigen kompas, fljucht ommers leafst mei de keppel yn al syn bewegings mei, lykas de wylde gies.)

Ruslân dus…
Dêr hie it grutte jild it earme folk wakker ûnder de knoffel. Dêr kaam dalje op yn 1917. Net botte lang, hear, want mei gauwens wie alles wer by it âlde. Hast by it âlde, moat ik faaks sizze, want de oligargen fan doe waarden oantsjut mei âld jild, wylst dy fan no — dy’t ik út ‘e gek wol gas- & oaljegargen neam — mei nouveaux riches oantsjut wurde. En dat kommunistyske lannen as Noard-Korea en Sina it kapitalistyske Ruslân sa oankrûpe, jout wol oan dat ek dêr de pindelbeweging (de oare kant oer) folslein is — hja binne inkeld yn namme noch kommunistysk.

Mar, wat is de as dêr’t alles om draait?
De God fan ‘e moaren sei troch Syn profeet ‘Yn rêst bliuwt alles beholden, mar yn frede waakst it noch!’ en de God fan ‘e oaren sei… hawar, dat witte wy wol.
Mar de God dy’t de oligargen tsjinje, hat de macht. Dy hat it net oer frije wil of fêststeand lot. Bist raar? Dy hat it oer… fêst guod!

Dit vind je misschien ook leuk...