Jezus

Sa leart men alle dagen wer wat nijs. Wat ik bygelyks net wist, is dat der hielendal gjin histoarysk bewiis is foar it bestean fan Jezus Kristus. Mei oare wurden, gjin inkelde tiidgenoat fan Jezus, dy’t him kenne kinnen hie, hat ek mar ien wurd oer him op papier set – net ien.

Alle Romeinske lju fan kwizekwânsje hiene út âlderwenst skriuwers yn har gefolch dy’t skitende krekt saken dy’t fan iennich belang wêze koene, oantekenen – sa ek Pilatus. Mar, wat tochtst? Net in wurd oer in Jezus! De skriuwers fan Herodes hawwe ek net in letter wijd oan Jezus’ libben en lot.

Hin?

Nee, itNijs.frl bestie doedestiids noch net.

Earst mear as fjirtich(!) jier nei syn sabeare ferstjerren hat der immen west dy’t sa’t it skynt by himsels oerlei: Kom, lit my ris in stikje oer de man skriuwe! En doe folgen oaren syn foarbyld.

It is de hjitting dat se no oantoanber bewiisd hawwe dat de stoarje dy’t sabeare berte, libbensbaan, wûnderdiedigens en dea fan Jezus beskriuwt, yn werklikheid in griemmank is fan lytsere, âldere ferhalen út alle dielen fan ’e wrâld. Dat it hat der alles fan dat, winliken lykas yn ’e midsiuwen witte folle fertellings oer heroyske eksploaten (fan in ferskaat fan krigele baasmannen) neitiid letterlik taskreaun waarden oan Karel de Grutte dêr’t de karelromans út fuortkommen binne, alsa ek fabeleftige ferteltsjes út alle wynstreken wei fan Mattéus en kammeraten taskreaun binne oan de – yn dit gefal tinkbyldige (yn tsjinstelling ta Karel de Grutte) – figuer Jezus Kristus. It is suver oft in kloftke snoade en belêzen kornuten yn ’e earste iuw fan ús jiertelling (in tiidrekkening dy’t doedestiids jit mei harren oer de sleat sprong fansels) de ynfal krigen en skep in foech Harry Potter avant la lettre, troch brûk te meitsjen fan in ‘pot(ter)poerry’ fan sterke ferhalen.

Is it kristendom in studintegrap dy’t in bytsje út ’e hân rûn is?
Meist it sizze.

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Douwe fd Meulen schreef:

    Prins Jezus betsjut Kristus, Xp. iKoaning’ssoan.
    Die’t Him kinNE kinnen hie, SintJapikarslachter.
    Saken, die’t fon ‘iénnigh’ belang wêze koeNEN?
    Saken, die’t fon what (?) belang wêze koenen!?
    itNijs.frl – mei ’n -i- en oan-‘n-oàrren kin ’t bêste!
    Sa’t it skiint, is ’n foàruutgong, tusken comma’s.
    Dât hje no bewiisD havve, iin Friesk swak bûgd!
    Broek maitsje fon? – ’n pôt-puree te brûken fon?
    Gearstâlde sinnen up-deale(!) iin ‘e lange alinea.
    Matthéus, Marcus, Lucas, Yehonnes en Paulus.
    Flavius Joséphus? By Slavenburg? Verhoeven?
    Aiol – Zwaanridder (1993?) Guillaume d’Orange.
    Mayst it sizze? – of giét de holle der ou, au, ôff?
    Luther’s Théologisk Testamint. – De Joaden en
    har leagens. Süss – iin ‘e vitrine VU-boekhânnel.

  2. Jaap Slager schreef:

    Tige by tige, Douwe! Myn wurdboek seit ‘bewiizgje’. Nuver, net.