Jantsje fan Arke foarop!
Jawis, mear aktyf ferset, Sytze …
Watsei?
Jawis, yn ‘e tradysje fan Gandhi en dûmny King. Dat haw ik no foar it ferstân; dat hat Kerst my wol yndruit. PASSYF AKTYF ferset dus!
Hin?
Nee, dêr bedoel ik neat mei. Ik bin wol wizer! As jimme it mar begripe, is it dizze jonge goedernôch.
Mar Kerst hie it oer ORGANISEARRE aktyf passyf ferset, net!?
Sjuch, en dêre sit him neffens my de oast. Want dat is ornaris it wrakke steed fan de trochhinne Fries: “Wa’t it net fuort en folslein mei my iens is, moat ringen harren komme; sa kin er in wâd foar de kloaten krije!”
Of hja fansels!
Hin?
Nee, dat is net mei inoar yn tsjinspraak; net mear as aktyf passyf, yn alle gefal. As de Fryske manlju se net mear hawwe, moat it fan ‘e Fryske froulju komme, wier!
En ik bedoel net dat wy altyd al ôfhinklik fan har west hawwe as it op Friezen-mei-kloaten op ‘e wrâld setten oankomt. Nee, ik bedoel it letterlik, as útgûl fan wanhope: Jantsje fan Arke foarop!
Want, salang’t wy it net opbekje kinne en lis de klam op wat ús ferienet (yn stee fan op wat ús skiedt), kinne de lju dy’t ús kultuer op in pypfol hawwe wol mei de hannen yn ‘e bûsen op ‘e seedyk stean bliuwe en tsjûge wêze fan hoe’t wy ús erf sels nei beppe kelder ditte en datte.
Koart sein, dy’t oer in balke springe wol, moat oer in strie net stroffelje. De froulju moatte fanwegenkomme foar’t it te let is!
Wat it stilsetten fan in trein oanbelanget, haw ik noch net rjucht op it netflues wat soks ta de saak — Frysk op skoalle, as ik it goed foar de fernullen krige haw — docht, oars as Friezen om utens ta ûnfreon meitsje dy’t hurd nei it sikehús yn Ljouwert of witwêr wolle om’t der hommels in sibbe of goefreon opnommen is — of slimmer.
‘Ik wol it,’ skriuwt Kerst striidber, ‘mar net allinnich.’
‘It binne allang net mear allinnich it regear yn De Haach yn ’t bysûnder en de Hollanners yn ’t algemien, Jaap, dy’t harren tasizzings net neikomme’, krij ik langer ynprikele fan sibben en freonen, as ik de rjuchtens en sljuchtens fan de Fries werris te bot idealisearje. ‘In man in man, in wurd in wurd, hahaha … das war einmal!’
Dat ik sjuch Kerst skielk allinnich oan ‘e needrem hingjen.
En mei’t de autoriteiten fanwegenkomme en har baas meitsje, witte syn meistriders ynienen fan ‘e prins gjin kwea mear.
Risseltaat: in dei foar de prins.
It is in earnige treast dat foaroanlju meast nei’t se ferstoarn binne, de eare krije dy’t har takomt, en — as it treft — in sillichferklearring …
Watsei, Sytze? Bin ik it no dy’t allegearre apen en bearen op ‘e dyk sjucht? Bin ik it no dy’t oer in strie stroffelet?
No, dan sil ik mar gau ophâlde en ôfslute mei wurden dy’t oer in jier of fyftich as deagewoan geef Frysk jilde …
Een zalige Kerst!
NDF
Recente reacties