Jan Klaassen wurdt Trumpetter

De presidint fan Arab-Americans for Trump hie nei de omtinken slagge ferkiezingskampanje de namme fan de organisaasje feroare yn Arab-Americans for Peace. Ik nim oan dat er yn it foarste plak doelde op peace yn it Heine Easten. Mar it is de hjitting dat er no de namme op ’e nij feroarje wol.
Hin?
No, as ik it goed begrepen haw, sil it no Arab-Americans for War on Trump wurde. Dy earme man! Hy en syn kornuten tochten echt dat as se Trump holpen, hy harren wol helpe soe. Dat tochten withoefolle rippeblikeinen ek; hja tochten dat at se op him simden, se neat te frezen hiene. Hoefolle fan harren moatte skielk de hân ophâlde?
Hin? Bystân?
No, nee. Wat sosjale wetjouwing oanbelanget, binne de FS frijwat efterlik.

Neat nijs ûnder de sinne, want ek de Spaanske striders tsjin it faksisme tochten doedestiids, dat as se de Amerikanen meiholpen, dy harren wol helpe soene. Mar dy sloegen nei de lâning yn Normandje loftsôf en lieten Franco – in goefreon fan Hitler – moai yn ’t seal sitte.

De Amerikanen fochten destiids tsjin it Dútske faksisme. Hjoed is it de omkearde wrâld – de Dùtsers fjuchtsje tsjin it Amerikaanske faksisme.

Sytze pleatste hjoed in stik út it NRC, dêr’t de skriuwer ús yn wiist op hoe’t Chamberlain en Hitler doedestiids mei-inoar yn München hantsjebakten oer de holle fan ’e Tsjechoslowaken hinne. No ja, Sudetelân mocht de Führer dan wol hâlde. As it dêr dan mar by bliuwe soe. Mei dy gentlemen’s deal wie frede yn Jeropa neffens de Ingelske gentleman yn kalk en semint. It rûn wat oars – earst waard de rest fan Tsjechoslowakije nadere, doe Poalen en… hawar, wat folge is algemien bekend.
Dêr moast dizze jonge ek fuort oan tinke, doe’t ik hearde dat Donald ‘Chamberlain’ Trump oer de holle fan Oekraïne hinne mei de Russyske Führer skille hie. No ja, wat er no hie – De Krim en sawathinne – dat mocht er dan wol hâlde. Frede! The Art of the Deal! Dat sil wol A Fart of a Deal wurde. Midden- en East-Jeropa sjugge it swurk al driuwen.
Frede! Want de presidint fan de FS wol gjin nije oarloch. No ja, heechút mei NAFO-kornút Denemarken… oer Grienlân. En hy fynt der ek gjin bien yn de wapens op te nimmen tsjin neiste buorman (en teffens NAFO-partner) Kanada. En ek in bytsje tsjin Panama. En, o ja, de Palestinen moatte ek noch fan harren lân jage wurde. Leafst goedskiks allegearre, hear! Mar as it net kin sa’t it moat, dan moat it mar sa’t it kin! It is in griis. (Griis is the word – it’s got groove, it’s got meaning…)

Yn ’e Nederlannen binne wy ek wol te finen foar bullying – it rjucht fan ’e sterkste: de lju mei splint hawwe it tenei foar it sizzen. Dy’t net om lyk wol, wurdt blokkearre.
Yn Fryslân is dat it oergearkommen mar. Want dêr’t de lju fan âlds yn goedens wolle, har mei gauwens ferbrekke en oer alle boegen wol sile kinne, is Grutbek kening.

Dit vind je misschien ook leuk...