Ja, de deale!

Der binne trijetûzen deaden teld yn Morokko nei de ierdskodding dêre foar fjouwer dagen. Hjoed binne der ek al trijetûzen teld yn Lybje nei de oerstreamingsramp fan juster troch stoarm Danyel, wylst der mear as tsientûzen minsken kwyt binne.
‘It is Gods bestel,’ berêste de lju dêre.
Hoe komt it dat hja dêr sa wis fan binne?

Ik haw earder in byld foar eagen fan Him en de deale dy’t al withoelang remize spylje… en dat no ien in opneuker fan komsa tsjin it skaakboerd jout om’t er sjucht dat er it ferlieze sil.
De fraach is: wa fan beiden?

Dit vind je misschien ook leuk...