Ivich en erflik

‘Dat moat no mar ris út wêze, hear, dat skalk each op ús easterbuorlju.’

‘De hjoeddeiske ginneraasjes binne de foarige net.’

‘Wat lulst no? De oarloch is allang foarby!’

‘Do hast de oarloch ommers net iens meimakke!’

Wat ik my wolris ôffreegje, is oft takomme ginneraasjes fan Oekraïners ek soksoarte snútbokkings tatreaun krije sille – neiteam fan dyjingen dy’t har de bek holden oer de oarloch, om’t se der net oer prate koene of der net oer prate mochten. Ik haw it net inkeld oer de soldaten yn ’e rinfuorgen, mar ek oer harren lyts jonkje dat alle klapsketen by it ôfgean fan it loftalarm oan ’e hân fan mem, dy’t syn lyts suske op ’e oare earm hat, yn sân hasten nei de skûlkelder meitroaid wurdt. Of dat syn heit fan it front weromkriget, slim ferwûne en alles wat er meimakke hat yn himsels fersmoarend, om’t er der net oer prate kin of der net oer prate mei: ‘Tink om de bern, ju!’

Sa gie dat teminsten by ús thús…
Us mem hie as bakfisk yn Stiens net it measte fan de oarloch meikrige. Se hiene wol ûnderdûkers yn ’e hûs, mar hja wiene yn ’e besettingstiid húskeriem yn Fryslân. Ik wit noch dat ik as lyts jonge by pake en beppe útfanhûs it net oandoarst en luorkje efter de lûken foar de krûpromten tusken de keamers yn It Âld Skoalhûs, deabenaud as ik wie dat my dêr in deade Dútser oar it mad komme soe. It kaam net yn myn lyts ferstân op dat in poep wol it lêste wie dat ik dêr oantreffe koe.

Mar, wêr wie ik bleaun? O ja, ús mem…
Hja hie leaver net dat ús heit ophelle oer syn ûnderfinings yn ’e oarloch – benammen de kampferhalen griisden har oan: ‘Tink om de bern, ju!’
Wy wiene de tongerlieders, sjuch?
Hie ús heit ús doe mear fertelle meien oer syn ûnderdûkerstiid by slachter Posthumus yn Tsjummearum, it ferrie troch in ferkearde boer dêre, de nachten yn It Blokhûs, de tiid yn Kamp Amersfoart en yn Bochum, dan hiene ús Nynke, ús bruorren en ik him grif better begrepen – syn hâlden en dragen, syn eangsten, syn opspatten…
Watte? Dan hiene wy ússels better begrepen – ús hâlden en dragen, ús eangsten, ús opspatten ensafuorthinne. Dan hie ik myn omkesizzers bygefal útlizze kinnen, wêrom’t se bytiden sa reagearje as dat se reagearje. No binne patroanen domwei op ús oeraarde, sûnder dat wy benei komme kinne wêr’t hja krekt út fuortkomme.

Lju dy’t mar miene dat in oarloch foarby is as de frede tekene is, en fierdersoan alles kar en genede wêze kin… of wêze moat, binne der neffens my in leaflyts bytsje by troch.

Hoefolle fan de oarlochsûnderfinings en it lettere hâlden en dragen fan Dútske âldelju soe der op harren bern en bernsbern oeraarde wêze?
Ik hoech net mei spjelde en nulle te bestekken, tink, wat dizze oarloch foar ynfloed op takomme ginneraasjes yn Oekraïne en Ruslân hat, wol?

Frede is fergonklik, oarloch is ivich en… erflik.

Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. Jaap Slager schreef:

    Ja, dêr hast gelyk oan, Piter. Lokkigernôch, binne dy Spanjoalen krekt in bytsje oer dy oarloch hinne. Dat ik mocht my oan harren grins nei wenjen sette, mar… oarekant ‘e rivier. It is mar in hoannestap nei de brêge oer de Rio Chança, dat ik kin Spanje suver bepisje. Dat doch ik net, want ik wol gjin spul, lit stean fan wer in oarloch dy’t 80 jier duorret.

  1. september 5, 2023

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]