IV. Joadehaat: oerurven of oanwurven?
It lyts pjut yn Moskou slagget der langer mei syn falsknijsfebriken yn en berier twaspjalt yn de westerske dimmekrasyen.
Iraan smyt de westerske dimmekrasyen justjes iepenliker kneppels foar de skinen troch planút Russen en terroristen dy’t neffens eigen sizzen út binne op de Ëndlösung der Judenfrage, mei wapens te befoarriedzjen.
Dat dizze ferdiel-en-hearskjestrategyen wurkje, die yn 2016 al bliken mei de Brútstap en de ynauguraasje fan Kremlin-gremlin Trump, en no wer mei de hjoeddeiske westerske massadimmestraasjes.
Dy dimmestraasjes soe it yn opnommen wurde moatte foar de ûnskuldige boargerslachtoffers fan oarloch en geweld yn it heine Easten troch mei Palestynske EN Israelyske flaggen te swaaien. Mar nee, der wurdt inkeld mei Palestynske swaaid.
Wy sille it wol nea leare, mei ús âlde Adamdriuw ta selsferdistrewearring. ‘Dat noait wer!’ is in moai devys, mar… it is mei sizzen net te dwaan!
Gnyskjende tredde? Sina.
Recente reacties