It wurdt wat langer wat minder, sei de oaljeman nei it miljeuakkoart
Ik wit net, ik haw it idee dat guon lju miene dat alles wer wêze sil wat it plichte, sadree’t wy ophâlde mei fossile brânje. Mar sa is it fansels net. De pleagen dy’t wy ús sels besoarge hawwe, binne tenei de natuerwet — it nije normaal, sa’t it populêr oantsjut wurdt.
Sa haw ik alsa it idee — mar dêr wol ik mis mei wêze — dat de rekkentabellen fan saakkundigen sjen litte wat de sitewaasje yn it jier dus-en-safolle wêze sil, op betingst dat wy op dizze wize wat fuortbuorkje mei fossile brânje. Mar wat ik my mei djippe earnst ôffreegje, is oft yn dy sifers de koalsoerstofemisje fan neffens my yn ‘t alderminst net te foarspellen rampen lykas natuerbrannen ferdiskontearre is.
It falt wol wat ta, hear — net mear as goed tûzen… op dit stuit… allinnich yn Kanada.
De wittenskipslju koene efternei yn alle gefal wol berekkenje dat it loftferkear oer de hiele gare wrâld yn in fol jier ornaris likefolle koaldiokside yn ‘e atmosfear pompt as de natuerbrannen… yn ‘e earste helte fan dut jier… allinnich yn Kanada.
Moai, hin? Wat kinne se wat, net, dy lju fan witnis? Hoege wy ús de holle net mear te brekken oer dy dingen. Kinne wy teminsten noflik sitten bliuwe en op it tillefyzjenijs sjen hoe oft it allegearre beteart.
– Moatst hurd hjir komme, Sytske! Lit dy ôfwask mar even gewurde. Moatst no ris sjen, leave: heilstiennen as tennisballen! Sjuchris hoe’t dy autoruten stikken spatte, haha!
– Dêrom net, heite, mar… binne dat gjin bylden fan by ús yn ‘e strjitte? En… is dat dyn eigen wein net?
– Gloeiende, gloeiende…!
De brânspuitlju yn Kanada hoege har al net mear drok te meitsjen oer de brannen sels. Dy rinne har troch de hurde wyn dochs oer de fûst. Hja hoege har allinne mar mear te bekroadzjen om it evakuearjen fan boargers fan de stêden dy’t faai stean. En fan bisten, as it heal kin. Al sil it út de beamtoppen pûlkjen fan nusten mei helpleas jongguod wol te folle frege wêze. Want it is de hjitting dat de brân op Maui nachts, doe’t de measte lju op bêd leine, troch de hurde wyn mei in kûgelsfeart fan njoggentich kilometer yn ‘e oere oer Lahaina stode. It alarm waard net let, docht no bliken, om’t dat allinne bedoeld wie foar by in tsûnamy.
De holle soe jin oars mar omrinne, no? Is ‘t net sa?
Recente reacties