It Trettjinde Amindemint

Jappekampen

Mannich wurd is dûbeldsinnich. Nim bygelyks it wurd ´jappekamp´. Net allinnich hawwe withoefolle Nederlanners dêr yn ´e Twadde Wrâldkriich ôfgryslik yn lit, mear as hûnderttûzen Japanske ynwenners fan ´e Feriene Steaten waarden ek yn ien fan ´e tsien út ´er haast opsettene kampen ynternearre. Oft se al ginneraasjes lang yn it lân taholden of net, dat koe neat skele.

Britske fynst

De Britten hawwe it konsintraasjekamp útfûn – earlik is earlik. Hja hiene nammentlik yn de Earste Boere-oarloch yn ´e lampe krige dat se de kriich yn Súd-Afrika nea winne soene, om´t de (meast Nederlânske) guerriljastriders fan ´e lokale befolking stipe waarden en fansels ek fan de op ´e pleatsen efterbleaune froulju en bern. Op dy pleatsen koene de partisanen hieltyd wer yn it ferset komme.
Dêrom baarnden de Ingelske striidkrêften yn de Twadde Boere-oarloch (1899-1902) goed tritichtûzen boerepleatsen del en sleaten de bewenners op yn kampen. Mear as de helte fan de goed santichtûzen lytse bern ûnder harren is yn dy kampen krepearre.

Pro-Dútskens

It is ûnder mear dêrfandinne dat it Nederlân yn ´e Earste Wrâldkriich inkeld yn namme neutraal wie – yn ´e grûn wiene wy op ´e hân fan ´e poepen. Net dat de Ingelsken wakker kwealk gongen oan ús partidigens, sa net. Sterker noch, hja hawwe dêr nei alle tinken neat fan fernommen. Ingelsken jildt troch de bân mar ien miening foar – harren!  Wat dat oanbelanget is it Ingelân ek ien grutte parochy. Mar ik woe it no net hawwe oer de ´rinfuorgenmentaliteit´. Dy hat yn myn foarrige stikjes al op it aljemint west. Ik woe it hawwe oar ús ekonomyske takomst – oer de kosten fan arbeid om krekt te wêzen – oan ´e hân fan…

It Sineeske Wirtschaftswunder

De ekonomy yn Sina gong dat it slydjage, soe skielk de bocht net mear krije kinne as it sa trochgien wie. Soks lake de Amerikanen ek wol ta.
POTUS: Wy moatte dochs ris mei dy gnyskjende splyteagen om ´e tafel en kloarkje har wat se no by de ein hawwe.
SOS: Wy kinne ommers net mei de fijân om ´e tafel sitten gean – de Alliânsje soe wol roppe.
POTUS: Wat nukt dat, ju? Boppedat hoege wy har soks net te witten te dwaan! Mar goed, do dyn sin! Wy dogge it sa: ik begjin in hannelsoarloch mei dy shithole-Sinezen (dan sil har tagelyk it gnyskjen wol in moai skoftke fergean) en dan geane jim mei har om ´e tafel sitten. Sabeare foar in bestân, mar wier-wier om út te finen hoe´t de sturt oan ´e pangang sit.
FLOTUS: Babi.
POTUS: Yes, baby? You wanna say something?
FLOTUS: Ba-bi!
POTUS seach my ris oan oft er sizze woe: Dat hat se langer wol faker – neat as lege briefkes.

Om ´e Sineeske rystafel

Dat wy mei de fijân om ´e tafel.
No, naam Wat-Wo-Jo-Ha it wurd doe´t wy frege hiene hoe´t de sturt oan ´e babi siet wat it Sineeske wirtschaftswunder oangiet, dat is net sa dleech, heal. Goedkeape wulkklêften – dat is it hielal!
Omskiks, foel No-Ha-Wi-De-Hi-Chte him by.
Ja, jo doele op jim Sineeske goelags, tink, brocht ik yn ´e midden.
Gûlasj? ynformearre Wi-KI-Pe-Dy.
Jim ´Arbeit macht frei`-kampeminten, ferdútske ik, mei Oeigoeren en sawathinne. Mar wy kinne yn Amearika net samar ûnskuldige lju sûnder foarm fan proses yn it hûnegat bruie.

Glôt mei klôde

Dat soe ik net te lûd loppe as ik dy wie, seach de baas fan ´e CIA dy´t njonken my siet my swart oan. Roppe, ferbettere ik him.
Wy út Alabama plichtsje ús oan te passen, glimke er. Wolst my de lys mei lezinen efkes oanjaan?
Ik lange him de skaal oan, wylst ik besocht swiere stikken tsjin dy gnyskjende Sinezen yn te lizzen: Mar de slavernij is ommers ôfskaft te uzes!
Dat soe ik net te lûd loppe as ik dy wie, grapke de SOS mei dat fine glimke fan him, wat tochtst fan it Trettjinde Amindemint?
Ik wit net wêrom net, mar ik mei dy man beslist net lije, dy Secretary of State. Dêr komt by, hy hinget my altyd dwers yn ´e bek.

It Trettjinde Amindemint

Efkes foar de likebroer, it Trettjinde Amindemint hâldt yn dat – nettsjinsteande slavernij ôfskaft is – finzenen yn ´e FS wol ta arbeid twongen wurde meie.
En ´finzenis´ is in rekber begryp, seach de SOS my úttrotsjend oan.
Ik koe him wol fergrieme.
It Achtste Amindemint ferbiedt oars… , woe ik abbelearje oan syn gewisse, wylst ik yn it foar al wist dat er dat net hat, mar dêr skille myn mobyl…
Ja, wat id der, bile ik yn it apparaat.

Okse-in-chief

Ik woe efkes hearre hoe´t it giet, klonk it dimmen oan ´e oare kant.
Hoe kinst my no skilje oer in ûnbefeilige line, grutte omkoal, waard ik noch lulker as ik al wie.
Wat nukt dat, ju?
Dat haw ik heard, sei de CIA-man njonken my. It is de omkoal-in-chief, lústere er efter de hân tsjin ´e Sineeske foarsitter Hu-Ha-Wi-Tno.
No moatsto it mar sizze, kaam ik wer wat yn ´e bedarring. Skielk is it allenduvels jappekampen – wurkkampen oer de hiele wrâld. Jappekampen mei Meksikanen yn ´e FS, jappekampen mei Jeropeanen yn GB, jappekampen mei homo´s yn Brazylje, jappekampen mei Japen yn Portegal – ien jappekamp, allegearre jappekamp. DE goedkeape albeid fan ´e takomst, sizze se hjir, …eh, arbeid.
Ik mei it idee wol lije, andere dy okse sa drûch as in pûn moal, it laket my wol ta. Wat seit Pomp…

Langstme

Mar ik harke al net iens mear. It tillefoan soalde ik yn ´e sambal en ik joech my wrimpen oerein. Wat-Si-Wi-No-Ha en Sa-Wy-Ta-Su-Pe seagen my kjel oan.
¿Por qué no te callas? biet ik de SOS noch ta, smiet it servet yn syn buord mei bami en skonke ta de doar út.

Dat no stean ik hjir, mei de kop op oranje op it Plein fan de Himelske Frede. En it storeint. Ik woe winliken wol nei hûs ta, want ik haw ynienen o sa´n ferlet fan myn lytse wyfke. Ik haw al twaris in optwingerich yndividu, dy´t him foarstelde mei Wo-Jo-In-Lif-Tha, ôfkonfoaie moatten.
It is safier hinne, ik haw skjin myn nocht!

Dit vind je misschien ook leuk...