It luchtfabryk

– Mei ik jo wat freegje?
– Ulbe, asjebleaft!
– Okee, ik bin Jaap. Ik woe net te frijpostich wêze, sjuch – it is de twadde kear dat ik jo… eh… dij op ’e trening tref…
– Op ’e trening binne wy allegear gelyk! Wat is de fraach?
Wy binne ûnder de brûs weistapt en rosse ús sawat droech.
– Ik haw begrepen dat jo… datsto by in multinasjional wurkest. Hoe is soks winliken?
– Net oars as by in oar bedriuw, wol ik leauwe… Hoesa?
– Ik bedoel, is it net oerweldigjend as de belangen sa grut binne?
– Haha, ik hear it al, do tinkst as in noarderling!
– As in Fríes, mei ik hoopje!
– Dat is wier, de ien mei de oar skeelt in stjitsje. Se sizze dat in Drint fierstente hoflik is en wês earlik; dat in Grinzer fierstente earlik is en wês hoflik; en dat in Fries altyd yn in grut bêd lizze moat, sadat er nachts ek noch dwerslizze kin! Hahaha…! Of koest dy al?
– Noch net, nee…! Mar is it wier, dat wy sa dwers binne?
– Yn it foarste plak moat ik sizze, Friezen krije gauris de pree op it slach fan personiele seleksje. It is ús op ’e namme lein, dat wy in grut gefoel fan ferantwurdlikens hawwe foar wat ús tabetroud wurdt. En wat grutter it selsbestjoer, wat lytser it oanstjoeren bliuwe kin. En wat lytser it oanstjoeren, wat platter de organisaasje – in beheind tal hierargyske lagen, bedoel ik. En wat beheinder it tal lagen, wat leger de personiele kosten… Begrypste?
– It giet my justjes te hurd, mar… ik fyn it slim ynteressant at der sa praat wurdt oer Friezen – it is oft my lij wetter yn ’t ear getten wurdt.
– En – werom nei dyn fraach – by minsken dy’t harsels en harren wurk serieus nimme, kin no ienkear net alles troch de mesken. Guon neame dat piid, oaren neame it dwersens. En dat is it antwurd op dyn fraach. Mar ast my freegje soest, wêróm’t wy Friezen sa binne, moat ik dy it antwurd skuldich bliuwe. Ik bin net in sosjolooch of sawathinne… ik bin Sy-Aids-Aroo…
Ik doch in stapke tebek. Hoe tichteby inoar ha wy niis winliken stien, ûnder de brûs?
– …oftewol Chief Human Resources Officer, einferantwurdlike op it mêd fan personiele saken. Ik stean noed fan ’e betingsten foar it goed funksjonearjen fan ‘e wurknimmers, om it mar simpel te sizzen.
– Dat is net om ’e nocht! Hoefolle wurknimmers prate wy oer?
– Goed hûndertentweintichtûzen…
Ik fluitsje tusken ’e tosken.

Hea, wat in baasman. It is faaks nuver, mar ik bin suver grutsk dat in goefries sa’n wichtige rol hat yn it bedriuwslibben. Ik krij wolris it idee dat sokke funksjes foarbeholden binne oan net-Friezen.
It sit ús sa’t it liket yn murch en sinen dat it libben adamjen en ezeljen is. It wol net heal yn ús del dat men goudjild fertsjinje kin mei inkeld eameljen en âldhoeren.
Ulbe ûnderbrekt myn mimeraasjes.

– Ik bin ek mei neat begûn, hear! Gjin sint op ’e melis, hie ik. Wat ik hie wie in hân foar it gat en in hân foar de lat!
– Dy útdrukking koe ik noch net…! It wol my lykwols oan, dat it op it heden al oars is, as men de jongerein oansjucht…
– Hoe dat sa…?
– No, ik woe mar sizze, dat iksels, doe’t ik omtrint tweintich wie, ien stik ûnwissens wie, mei in mannich kompleksen dêropta. Mar as ik hjoeddeis om my hinne sjuch, rinne rju fan dy jierren om yn trijedielich of mantelpakje mei in automobyl ûnder it iene gat en in telemobyl foar it oare. Noch foar’t se in slach dien ha, bedoel ik. En mei in útdrukking fan oft se it ferstân allinnich hawwe!
– Ja sa! Hahaha! Dy wissens fan harren is foar it grutste part keunstmjittich, hear!
– O ja, ju?
– Jawis. Om it mar ûnbekôge te sizzen: it bedriuwslibben sit net ferlegen om latint talint dat riden wurdt fan kompleksen en ûnwissens – om mar gear te fetsjen watst oer dysels ferteldest. It bedriuwslibben sit ferlegen om enerzjike minsken dy’t just oerrinne fan it selsbetrouwen. Want sokke lju sette wat út ’e wei, sjuch. En om sokken oan te setten hoecht men inkeld te abbelearjeen oan harren ferwachtings fan it libben, en fan harrensels – oan har dreamen oer ta eare kommen. En mei trenings ynflatearje wy harren selsbyld en harren ferbylding noch fierder…
– Dus ik begryp, it binne opblaasde kikkerts dy’t de toutsjes yn hannen hawwe…!?
– Dêr hast it! Fan en ta knapt der ien. Net bêst, foar de kikkert sels! Mar foar ús is soks… ehh… collateral damage – dat heart no ienkear by it fak.
– Litte se dat samar oer har gean, de jongerein? Hja binne dochs net ûnnoazel?
– Och, as it proses ienkear op ‘e gleed is, is it selsfersterkjend, ju. Ken josels, sei Sokrates, mar de kliber timmeret net sa heech, wurdt leaver bedondere. En wij dogge dat mei leafde! En… mei sukses!
Wy hearre ús maten yn ’e kantine oangean.
– Frekte ynteressant, watst my allegear fertelst! Mar no moatst earst in bierke fan my hawwe!

Dit vind je misschien ook leuk...

1 reactie

  1. september 29, 2018

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]