It liket Amearika wol

It lytse flarde Vlady koe syn sjef Jev fansels net mei namme en tanamme neame doe’t er op tillefyzje sei dat der mei rebellen rjuchtdei holden wurde soe, want dat hiene se sa ôfpraat. Oarsom, koed er dêr ek net mear foar wei sûnder gesichtsferlies, doe’t de boel him wer ris oer it mûtele fûstke rûn. Dat hy wie striemantsje Lûkasjenko fanneden, dy’t er oars allinnich mar komme liet om wat fan it boppeste buordsje te krijen, at syn sjef-kok mei wat oars slachs wie.

-Wêrom wurd ik net opkeard fan dyn leger, baas? Ik stean al hast by dy foar de doar en der is my noch net ien oer it mad kommen.

-Ja, ik sjuch my de eagen ek út, Jev. Do hiest my al te witten dien dat dy legerlieding fan my it deadwaan net wurdich is, mar dat it sa slim wie… Ik stean ynternasjonaal moai foar merakel op dizze manear — it liket hjir fergemy it Kapitoal wol.

-Net sa oerdriuwe, Vlady. Mar… wat dogge wy no?

-Omkeare do! Ik sil lange Lûky wol efkes skilje dat er as bykommend betingst fan dij yn it akkoart opnimme moat dat myn legerlieding ferfongen wurdt.

-Klear. Dan dogge wy it sa. Minsken! Ik stjoer dy wol in kaart út Minsk. Noflike dei fierder.

-Lyksa.

Dit vind je misschien ook leuk...