It libben is…

– Hoe soe Jaap it tiidrek dat wy no trochmeitsje, karakterisearje wolle?
– As ien fan hate en ûntefredenens.
– Moat it no sa mâl? Hate?
– Jawis! Tajûn, healwei de foarige iuw fûnen wy mei ús allen dat de tiid fan hate foargoed efter ús lizze moast. Wy gongen de midlike wei lâns – seagen net yn it foarste plak nei wêr’t wy mei-inoar in skeel hiene, mar nei wêr’t wy it mei-inoar oer iens wurde koene…
– No ha wy polarisearring, bedoelt Jaap.
– Jan mei it sa neame as er wol, mar feit is dat lju dy’t it doedestiids net oer alle boegen iens wiene, likegoed freonen faninoar wêze én bliuwe koene…
– En no wurde sy skoudere… hoe hjit it… ‘ûntfreone’.
– It giet neffens my fierder as útsluten. De midden rint leech en men siket de kanten op, de ekstremen. Ik sjuch ûnferdraachsumens, ik sjuch fijânskip, ik sjuch hate. En de hoeder fan ’e dimmekrasy, in ûnôfhinklike parse, is der net mear. Sjoernalisten dy’t út idealisme de hoeders fan ’e midden wiene, kinne harren tinkbylden faken net mear kwyt en rinne langer oan de liedbân fan harren breajouwer…
– Ik haw no net it idee dat ik oan in liedbân rin, hear. Ik kin myn tinkbylden wol kwyt.
– Jan mei yn syn krante skriuwe wat er wol?
– Ja, ik mei alles wol skriuwe… op betingst dat it yn it profyl past.
– Hokker profyl? Wurdt dat fêststeld troch de redaksje fan ’e krante?
– No, nee… Dat komt fan heger…
– Lit mar gewurde, Jan. Ik leau it wol. Ik bin neat net oergeunstich, want jim hawwe langer ek te krijen mei trollen, tink.
– Trollen?
– Ynfiltranten dy’t de ynfloed fan harren breahear rûnom jilde litte.
– Ja, sa… Ik… uhhh… Dat moat ik yn my omgean litte. En… ûntefredenens?
– Wy lizze ommers jimmeroan te kleien, wylst wy neat te kleien hawwe. Wy hawwe muzyk, wy hawwe boeken, wy hawwe de natuer, dy’t noch net folslein ferrinnewearre is, wy hawwe films by ’t seksje, wy hawwe sibben en freonen, wy sitte oan ’e kop ta fol mei iten en drinken en… noch kleie wy. Wy binne mei it gat yn it bûterfet fallen, dat wy yn it bêste lân fan ’e ierde it libbensljocht sjoen hawwe, foar itselde jild hie dat ommers yn in oarlochsgebiet west – ik neam mar wat. Ik wit wol, wy hawwe net om it libben frege, mar… it is in geskink dat ús samar yn ’e skurte falt. En it earste wat wy dogge, is kleierich skrieme. In mem hat ús út ’e skurte skodde en wy wurde fuort yn ’e ruften lein. Wy hawwe waarmte, leafde en de swietlûdichste sprake fan ’e wrâld om ús hinne. En wat dogge wy dêrmei? Wy hawwe wiet en drûch, in dak boppe de holle en witwat allegearre. It libben is prachtich! Hoe is it mooglik dat wy eat dat sa grut is, sa leechlizze kinne? Hoe is it mooglik dat der safolle lju binne dy’t eat dat sa bjusterbaarlik moai is, sa fanselssprekkend fine? Ik moast my deaskamje.


Dit vind je misschien ook leuk...

2 reacties

  1. HE schreef:

    Eartiids koene de minsken earmoed, hjoed-de-dei de measten allinnich noch earmoedzje

  1. mei 29, 2024

    […] Lês fierder by Jaap Slager […]