It lân fan tsaar Vlad I

– It heart in bytsje nei ‘Eartiids wie alles better.’
– Oe heden, nee. Ik wol perfoarst net hearre ta de radikaalkonservativen dy’t tebek wolle nei in tiid dy’t nea west hat – in idealisearre ferline. Hâld op, man! Nee, Jan syn fraach wie niis hoe’t ik dut tiidrek karakterisearje soe en ik naam oan dat Jan doelde op de algemiene hâlding fan no. Dy fraach joech ik antwurd op. En ik sette dy hâlding ôf tsjin in tiid doe’t it yndividu — it trochhinne yndividu — wat guodliker en tefredener wie. Men koe yn dy snuorje ferwachtsje dat immen op jierdeibesite nei lang oantrúnjen fan de gastlju belies joech en rôp: ‘No, at it dan dochs mâl moat, jou my dan mar in twadde glês ranja!’ Mar ik wol perfoarst net útslute dat der doe ek al guonlju wiene dy’t oan ’e ein fan ’e jûn mei in slach yn ’e tonge rôpen: ‘Goed, lit mar in taksy komme dan!’ Mar hja wiene yn ’e minderheid.
– Jaap rekkenet him ta de ultraprogressiven dan?
– Ta de groep dy’t fynt dat alle feroaring in ferbettering is? Och heden, nee, man! Lit my mar moai yn ’e midden sitte. By de lju mei boereferstân, dy’t de boel in bytsje byinoar hâlde wolle foar’t it oer de fûst rint en de wrâld wer op de fûst giet…
– Foar’t it op ’en nij wrâldoarloch wurdt, bedoelt Jaap.
– As ik betink hoefolle jonges harren libben opset… en ferlern… hawwe by ús frijdom en at ik no sjuch hoefolle lju ree binne dy bloedich, fan oaren (!) befochten frijdom yn te ruiljen foar in gratwyt ûnthjit fan belestingferleging, dan giet de grize my oer de grouwe. Nee, lit my mar moai yn ’e midden bliuwe, byneed lykme allinne.
– Komt opstannigens yn ’e midden ek net in bytsje fuort út de mannichfâldige lekken en brekken dy’t dy sabeare frijdom yn in dimmekrasy ynhie… uhh, hat?
– Dat soe kinne? Fan dy kant hie ik noch net besjoen! Jan bedoelt dat smiten lju net foar de fernullen hawwe dat dimmekrasy útsoarte in eksperimint is, in projekt dat nea en te ninter klear wêze sil? Mar… seit dat himsels net? In diktatuer is yn syn totalitêrens fansels wol folslein… Dat is sa! Dimmekrasy is yn die eat fan minsken… en minsken hawwe no ienkear in eigen wille… der is gjin ljocht sa fel of der sit skaad by. Dus lekken en brekken sille nea út te sluten wêze. Yn in diktatuer wurdt alle ljocht… alle eigen wille deaslein. Absolutisme kin ommers wol fan in sielleas wêzen… byneed fan in masine oanstjoerd wurde. Wolle wy dat?
– Ikke net.
– Foarhâns soe it dêrom de baas wêze dat de MJTs, MGs en DTs fan oarekant de Grutte Fiver en de Le Pens, de De Graaffs en de Dewinters fan diskant mei harren frjemdsin nei it lân fan Vlad I ferfarre en dêre op it strân lizzen gean…
– Wat oars? Is Jaap ek net wat in behâldsman, as it om ús sprake giet? Sille wy it dêr ris oer hawwe?

Dit vind je misschien ook leuk...