It jongwiif fan Murtosa
Portegal is sûnt trije moanne alhiel yn ’e besnijing fan de ferdwining fan Mónica Silva, in mem dy’t hast oan ’e smite fan har tredde ta wie. De fertochte sit sûnt fêst. Hy hie har tredde berntsje oanset. Alteast, dat is de hjitting.
Hawar, it tillefisynijs begjint en einiget dermei. Alle dagen komme der wer nije feiten oan it ljocht. Dat, de saak hat njonkelytsen wat it karakter krige fan in tillenovelle. Dan komt dizze buorman yn ’t sin dat er destiden in wat nuver lûd heard hie, en dan giet dy buorfrou in ljocht op dat se doe eat ûneigens sjoen hie. It is krekt fuotbal – alle man en wrâld praat deroer en elkum wit it better as de autoriteiten dy’t de saak yn hannen hawwe.
Mar soe men net sizze dat in jongwiif yn ’t neat falt by al dy hjoeddeiske brânkearnen fan oarloch en geweld? Dochs ferlieze alle tillefisystjoerders dy’t sok wrâldnijs bringe, it langer fan CMTV, it iennichste stasjon dat him prinsepeal op kritenijs rjuchtet, dus op ferkearsûngemakken yn ús eigen kontreien en… op Mónica Silva dus. En dat docht fertuten, want CMTV hie de grutste sjuchtichtens yn 2023.
It himd is neier as de rok!
Ik wit wol, de globalisearring hat mei fan dy gefolgen west dat wy op de hichte brocht wurde fan alles wat der yn ’e wrâld bart, mar… hawwe wy dêr ferlet fan? Witnis hawwe fan tûzenen slachtoffers fan minskedwaan alle dagen wer bringt mei him mei dat wy ús dêr in bytsje ferantwurdlik foar fiele, foar al dat leed: ‘Sok dwaan kin ommers net in kant út!’
Allinnich, dat gefoel kin ek net in kant út, want wat sille wy beävesearje?
Dy gefoelens fan machteleazens fine in útlitklep as der yn ’e eigen krite eat bart. De frustraasje wurdt yn enerzjy omset om bygelyks nei it omskot fan Mónica Silva te sykjen, en om stean te roppen en te razen foar de blommesaak fan de famylje fan de man dy’t it nei alle wierskyn dien hat: ‘Wat hawwe jimme mei ús Mónica dien?’
Ja, Mónica is postúm ien fan ús wurden. Har famylje is uzes wurden, want dy libbet yn ús gea.
Sjuch, dat Mónica dea is, stiet wol fêst. Dêr is neat mear oan te dwaan. Mar der kin noch wol wat dien wurde oan it leed fan har famylje troch har omskot te finen, sadat dy te witten komme kin wat der bard is, har opdrage kin en frede fine.
Kin men begryp hawwe foar dut folksfielen, foar dizze eksploazje fan meilibjen mei in skeinde famylje yn it eigen om-en-by, wylst der oeral oars folle slimmere dingen barre?
Ikke wol. Ik kin der ek net mear oer, oer dy bylden fan it wrâldbarren en dat gefoel fan machteleazens.
Jawis, it raast oan de stjerren, dy oarloggen, grûnskoddings en oerstreamings yn Oekraïne, Turkije, Egypte en witwêr. Mar as ien my freegje soe wat my yn 2023 it meast oangrypt hat, dan wie dat it ûntidige ferstjerren fan ús Lúcia.
Recente reacties