It iennichste dat restearret is it leed fan Srebrenica

Ratko Mladic (75) waard fan ’e wike fan it Joegoslaavje-tribunaal feroardiele ta libbenslang. De âld Bosnysk-Servyske legeroanfierder en syn abbekaat woene om reden fan ’e hege bloeddruk fan de âld-ginneraal (80-180) opstel fan ’e sintinsje, mar rjuchter Fons Orie ornearre, dêr koe neat fan komme. Mladic mende him de bloeddruk noch fierder oer de kop en begûn te razen, wêrnei er ôffierd waard en Orie trochgong mei it foarlêzen fan it fûnis.

‘De Servyske Napoleon’ waard er neamd fan syn oanhingers, dy’t noch altyd manmachtich binne yn syn heitelân. ‘De slachter fan Bosnië’ hiet er oeral oars. In grize man mei it bloed fan tûzenen besmodzge. Efter ‘e doarren sil er weitarre; ginneraals dogge fliten soldaten en folk de dea, mar sels geane se der stil út op in bêd.
Mladic wie ferantwurdlik foar de massamoard op hast achttûzen manlju en jonges – bytiden net âlder as 12 – út de moslim-enklave Srebrenica. In sabeare ‘safe haven’ wie dat, doedestiids ferskaaid ta ‘safe heaven’. Syn feiligens setten Nederlânske Dutchbatters har libben ta op, blauhelms ûnder oanfiering fan luitenant-kolonel Karremans. ‘Oerste Karremans’, de offisjele titel foar in militêr fan syn rang dy’t likewol altyd eat skeetskens hold, fral yn kombinaasje mei de skaainamme.

Mei hokfoar eagen hat Thom Karremans (68) nei Mladic sjoen?
Grif hat er tebektocht oan 11 july 1995, de dei dat syn libben yn hotel Fontana yn Bratunac, by Srebrenica, in rampsillige kear naam. De dei dat syn namme synonym waard mei lytsmoedich, krûperich, servyl. De dei dat Mladic him lytsman makke, nei’t er Srebrenica oerfallen hie. Ien dei foar’t Dutchbat hânlange by de skieding fan froulje en manlju – wêrnei’t lêstneamde fan Mladic’ mannen ôfslachte waarden.

De bylden fan it petear tusken beide militêren gongen neitiid de wrâld oer. De Nederlânske skamte oer wat dêr yn Srebrenica om en ta gongen wie, hjit tenei oerste Karremans. Politisy yn Den Haag wosken harren de hannen yn ûnskuld, oerste Karremans wie priis.
Twa sinnen knoeiden him by einbeslút mear as de úteinlike ramp. Hy hie harren hein nochte nei net útsprekke hoegd, want Mladic frege dêr net om.

De oerste: ‘Ik sis altyd: ik bin in pianist.’ Mladic kin him net neikomme, komt dy skiterige Hollanner my no oer it mad mei syn niget oan muzyk? ‘Ik sis altyd: ik bin in pianist’, werhellet Karremans. ‘Don’t shoot the piano player.’ Mladic kin Karremans jit net neikomme; dêrom siket er syn heil yn it snijsume soldatewurk en bilet: ‘As pianist binne jo gjin skop foar de kloaten wurdich!’
De oare deis breidet Mladic it wer yn it lyk. Hy langet Karremans in skimerlampe oer ‘ta oantinken oan dizze dei’. It is de uterste fernedering, mar Karremans nimt it presintsje likewol tankber yn ûntfangst. ‘For my wife?’ – dy sil him ek oanklibjen bliuwe.

In deimannich letter, as Dutchbat oankommen is yn Zagreb, kroanprins Willem-Alexander fleurich meihost en -bost yn ’e polonêze en in bytsje mear nei it suden de genoside ôfbreide is, priizget Karremans de strateech Mladic. Yn 2006 kriget er fan Minister fan Definsje Kamp in ynsinje oerlange, ‘as erkenning fan miskenning’. Fiif jier letter wurdt Mladic oppakt en finzen set.

Oer âlde mannen en dingen dy’t foarbygeane. Mûlk dat no sels de nytgjende spûken út de simmer fan 1995 om lyk wolle. It iennichste dat restearret is it leed fan Srebrenica – oant ek dat beswykt ûnder tiids tosk.

Dit vind je misschien ook leuk...