It Heine Easten (featuring George Clooney)

Donnywood
Myn bûkswjergea seach it har oan doe´t it petret fan Qasem Soleimany okkerdeis op it tillefyzjenijs ferskynde.  “Nee, leave, dat is George Clooney net!” brocht ik har yn ´t bekommen, “Want dan soe Trump it besuorje. No sil dat wol wat tafalle.”
Sels hat er der nei alle tinzen ek wis fan west dat er ien fan Hollywood yn ´t fizier hie. Want dêr sit net earlik it rûchste fan syn oanhing. Dy sit yn Donnywood, te sjen nei fake… eh, Fox News.

Luctor et submergo
As ik it Iraanske regear wie, hold ik de pipen no efkes yn ´e sek en lit it Westen in moai setsje yninoar omslaan en deiljen. Want neffens my hat dy Trump him no omraken yn ´e fingers feegd wat it ynternasjonale rjucht oangiet. Dêrom net, mar yn eigen lân hie syn hommelse opstiging ek likefolle pasifisearjende útwurking as in kneppel ûnder de hinnen. Dat de man lûkt him as in felearre Baron fan Munchhausen oan syn eigen hier de sompe yn – himsels ferdrinzgjend ûnder it biedwurd: luctor et submergo.
Moai gewurde litte! Dy is gjin help fanneden!

Sjiïten dy´t sjitte
En dy Iraanjers bespinne yn eigen lân allinnich mar side mei de dea fan Qasem – de rigen binne wer sletten. Cruyff soe sein hawwe: Der is net in krús of der sit in kroan op!
Dat, hja moasten winliken in bytsje de hâlding oannimme no fan guon synisy yn it westen dy´t foarhinne monkelen: “Lit har mar stiltsjeswei inoar útmoardzje, dy soeniten en sjiïten!”
Dat se no al in bytsje stoartskea op Amerikaanske bases yn Irak oanrjuchte hawwe, kin it measte net skele. Dy pear bommen yn ´e bleek fan ´e Amerikaanske ambassade yn Bagdad wiene fansels al wat in klinkert op ´e kant, want… it kin de master misse.

Sjiïtyske útsjitter
Dat lêste die bliken mei it delheljen fan dat Oekraynske fleantúch. Dat hie fansels net moatten, krekt in pear oeren nei harren ferjildingsaksje yn Irak. Hja kinne der wol om hinne daikjen bliuwe en úthâlde dat it tafal wie, mar dat leaut mûs noch minske. Helje dan leaver bakseil troch planút te sizzen: Ja, wy hiene it loftdoelgeskut in knikje te skerp ôfsteld. Sorry!
Sa´t ik sei: it kin de master misse.


Retrospektyf
Wa´t by himsels tinkt “hoe is dut allegearre ek mar wer ûntstien?” efkes in koarte histoarje út ´en rûgen wei…
Osama Bin Laden en syn Al-Kaida waarden finansjeel stipe fan syn bertelân Saûdy-Araabje, in soenitysk lân mar… freon (want klant) fan Amearika. Dat nei de oanfallen op 11 septimber 2001 op Amearika sette lytse Busch in strafekspedysje op prikken nei – no komt it! – Irak, in sjiïtysk lân. Want Amearika hie it mier oan Iran, sjuch, ek in sjiïtysk lân, en men moat de saken al in bytsje oersichtlik hâlde, no, foar it rosmos yn Donnywood.

As it net kin sa´t it moat…
No sizze jo fan “Mar de grutste rotsekken wiene dochs de soeniten, yn Saûdy-Araabje?” Jawis, mar it slûchslimme fan lytse Busch wie dat dêre, yn Irak, ek soeniten sieten, dy´t de sjiïtyske mearderheid útrûpelen en ûnder de kwint holden. It wie in betreklik lytse groep, dat is sa, mar likewol soeniten. Dy minderheid stie ûnder lieding fan in Hoessein, in âlde fijân fan lytse Busch syn heit, dêr´t by in eardere strafekspedysje gjin dien wurk mei makke wie.

Babel
No wie dy Hoessein in minnenien, hear – dat is sa – mar hy hold de tsjinstellingen yn eigen lân wol ûnder it sim. Dat doe´t de Amerikanen mei in ferlechje (eat mei weapons of mass destruction) yn Irak ´oarder op saken´ steld hiene en har ´demokrasy´ ynstallearre, wie de ûnttroane soenityske minderheid mei in snjit wer ûnder de wapens en neamde himsels IS.
No, dêr moast de opfolger fan lytse Busch mar mei rêde, hear.

Dat hat er dien, Obama, mei help fan Turken, Koerden en… sjiïten. En hy wie sa hoeden as in kloekswan dat er net op ´en nij by oare konflikten yn it Heine Easten belutsen rekke, sleat sels in ferbûn mei Iran. Mar doe´t de gaos op in ear nei fild wie, wie syn opfolger oan bar. En dy slacht no – ûnder druk fan Ruslan en Israel – alles wat Obama dêre berikt hat wer oan spuonnen. En Saûdy-Araabje skuort him de bûsen út fan it laitsjen.

Sisa, dat is it wol, leau ik, út ´e bleate holle! Sa´t ik sei “út ´en rûgen wei”. Dat kom my no net oer it mad mei “Dit of dat is dy fergetten, heite!” 😉

Dit vind je misschien ook leuk...